Boargerinisjatyf ?BetterAs? yntsjinne by Provinsjale Steaten
It boargerinisjatyf fan de Stichting BetterAs is fannemoarn oanbean oan de fise-foarsitter fan Provinsjale Steaten. Mei dat boargerinisjatyf wol de Stichting BetterAs berikke…
It boargerinisjatyf fan de Stichting BetterAs is fannemoarn oanbean oan de fise-foarsitter fan Provinsjale Steaten. Mei dat boargerinisjatyf wol de Stichting BetterAs berikke dat Provinsjale Steaten op ‘en nij sjogge nei it beslút dat se nommen hawwe ta it oanlizzen fan de Sintrale As.
Provinsjale Steaten hawwe earder ynstimd mei de oanlis fan De Sintrale As as fjouwerstrookswei tusken Dokkum en Nyegea. De ûndertekeners fan it inisjatyf wolle ta op in behindiger oanlis fan de wei en hawwe dêrfoar in eigen útstel makke. De fise-foarsitter fan Provinsjale Steaten, Ynze de Boer, naam it útstel en 2305 hantekens oan út hannen fan Frans Kuipers en Douwe Bijlsma, fertsjintwurdigers fan de Stichting.
Provinsjale Steaten toetse it boargerinisjatyf fan BetterAs no earst oan de easken út de Oardering Boargerinisjatyf. De oardering skriuwt foar dat Provinsjale Steaten dêrnei in beslút nimme moatte oer de fraach oft se it agindearje sille. Dat sil wêze op 23 maaie o.s. As op 23 maaie besletten wurdt om it boargerinisjatyf te bepraten, dan sil dy ynhâldlike behanneling plakfine yn de steategearkomste fan 20 juny 2012. De yntsjinners fan BetterAs kinne it útstel dêr dan neier taljochtsje.
Mei in boargerinisjatyf kinne ynwenners fan Fryslân derfoar soargje dat in ûnderwerp op de wurklist fan Provinsjale Steaten komt te stean. Dêr binne minimaal 1500 hantekens foar nedich fan kiesberjochtige persoanen dy’t yn Fryslân wenje fan 16 jier en âlder. De betingsten binne fêstlein yn de Oardering Boargerinisjatyf fan de provinsje Fryslân.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.