‘It Boartersplak’ sertifisearre as “pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling“

ma. 27 oktober · 15:532014 · 15:53 · Bauke

Op tiisdei 21 oktober wie it feest op pjutteboartersplak ‘It Boartersplak’ yn Anjum. It pjutteboartersplak fan Stichting Peuterspeelzalen Dongeradiel

Eigen foto

Op tiisdei 21 oktober wie it feest op pjutteboartersplak ‘It Boartersplak’ yn Anjum. It pjutteboartersplak fan Stichting Peuterspeelzalen Dongeradiel hat it sertifikaat “pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling” oerlange krigen fan riedslid Inne Bilker fan Dongerdadeel. Liedster Harmke Haaima hat it sertifikaat yn ûntfangst nommen. It pjutteplak wurket sûnt oktober 2012 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. Sy hawwe it trajekt no ôfrûne en it sertifikaat behelle. Der wie in feestprogram foar de bern, mei sminken en Tomke-foarstelling ‘De Hutselfrutsel’ troch Riemkje Pitstra en Jetske Miedema.

Provinsjale ûnderwiisbelied:
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 160 en is noch altyd groeiende.

Pjutteboartersplak ‘ It Boartersplak’
Pjutteboartersplak ‘It Boartersplak’ falt ûnder de organisaasje Stichting Peuterspeelzalen Dongeradeel (SPD). SPD is in organisaasje dy’t pjutte-opfang yn de gemeente Dongeradiel oanbiedt. Likegoed SPD as de gemeente stimulearje it twatalich wurkjen. Dongeradiel hat in beliedsnota ‘Meertaligheid in de doorgaande lijn’ skreaun en fan de 11 boartersplakken fan SPD wurkje der 6 mei in twatalich belied. It boartersplak yn Anjum is de twadde lokaasje dy’t offisjeel sertifisearre is. Yn Anjum wurkje de liedster en har frijwillichster neffens it prinsipe “ien persoan, ien taal”. Dat hâldt yn dat elk konsekwint ien fêste taal praat. Op ‘It Boartersplak’ sjocht it der as folget út: Harmke en har frijwillichster biede konsekwint it Frysk oan. It Nederlânsk wurdt oanbean yn aktiviteiten lykas foarlêzen, sjongen en rôlespultsjes. Yn Anjum wurdt mei de metoade Peuterplein wurke. Dêr heart de hânpop Raai de Kraai by, dy’t ek it Nederlânsk praat.

De fisitaasjekommisje skriuwt yn harren rapport it folgjende:

It Boartersplak hat, troch it hâlden en dragen fan liedster Harmke en mei de ynrjochting fan de romte in hiele natuerlike twatalige útstrieling.

Harmke biedt yn har pedagogysk hanneljen genôch taal, feiligens, struktuer en útdaging oan. Alles wat se docht en wat de bern dogge ûnderstreket se mei wurden, op in natuerlike wize.

Sertifisearring:
Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen.

It taalbelied hat as doel de twatalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek ta goede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei de twadde taal.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.