Borden Betteras opnieuw geplaatst
Freedtemoarn 6 april binne de boerden, dy’t foarbygongers wize op de reachside www.betteras.nl, opnij pleatst (by Nyegea, de rotonde by de Fonejacht, de spoaroergong by…
Freedtemoarn 6 april binne de boerden, dy’t foarbygongers wize op de reachside www.betteras.nl, opnij pleatst (by Nyegea, de rotonde by de Fonejacht, de spoaroergong by Hurdegaryp, de rotonde by de Boppewei en de rotonde ûnder Dokkum yn de Lauwersseewei).
Earder wienen disse boerden befêstige op boerden fan de Provinsje en de Dokkumer ûndernimmers dy’t al by it trasee stean. Meiwurkers fan it projektburo hawwe doe dy boerden gauachtich wer fuorthelle. It bestjoer fan de stifting BetterAs fûn dat net sportyf. It wie bliid mei dy aksje fan sympatisanten fan de BetterAs.
It publyk hat rjocht op goede en folsleine ynformaasje, en dat der tsjinwicht is foar de iensidige propaganda foar de sintrale as is fan grut belang. In besparring fan 100 miljoen is mooglik, mei bettere ûntwikkelingsmooglikheden foar de lokale ekonomy en behâld fan karakteristyk lânskip. It is goed dat soks ûnder de oandacht fan de minsken komt. It bestjoer hat dêrom besletten te ynvestearjen yn nije boerden. No binne de boerden op eigen peallen fêstmakke. Fuorthelje troch oaren is net tastien.
Mear ynfo: www.betteras.nl
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.