Brief aan Statenleden over BetterAs
Hieronder kunt u de brief lezen welke het bestuur van BetterAs op 22 mei per e-mail verzonden heeft aan alle Statenleden.
Acht Steatelid,
Hjoed is in feestlike dei.
De keninginne iepent hjoed it nije Provinsjehûs. Wy hoopje op in prachtige dei. As Steateleden binne jimme de strieljende gastfroulju en gasthearen.
Mar: moarn, woansdei, hawwe jimme likegoed in koarte Steatesitting. Jimme beslisse ûnder oaren of it boargerinisjatyf ‘BetterAs’ op 20 juny op jimme wurklist stean sil. Dat is in hiel wichtich beslút. It presidium seit: wy hawwe juridysk advys frege en op grûn dêrfan hoege de Steaten net oer ‘BetterAs’ te praten. As stiftingsbestjoer fine wy dit juridysk advys net sterk. Wy sille dit yn it twadde part fan dit brief beärgumintearje. Allinne al fanwege de swakte fan dat advys soenen jimme it ûnderwerp wol op de wurklist sette moatte yn juny.
Nim de boargers serieus.
As folksfertsjinwurdigers binne jimme konfrontearre mei 2400 boargers dy’t in, neffens har, yn alle opsichten better alternatyf presintearje foar in earder naam beslút. Stikken goedkeaper, doelmjittiger, moderner. In alternatyf mei mear perspektyf. It is yn eardere brieven en op ús reachside ‘www.betteras.nl’ wiidweidich beskreaun. It hat yn dit brief gjin doel om de ynhâldlike arguminten te werheljen. Wêr’t it om giet: elk Steatelid moat sa’n fersyk serieus nimme. It kin net ta mei in proseduereel argumint.
Wês transparant.
Set ‘BetterAs’ ynhâldlik op jimme wurklist. Brûk dy gelegenheid om út te lizzen wêrom it dochs needsaaklik is dat de sintrale as der ûnferoare komme moat. Gean de konfrontaasje oan.
Risiko.
Of, better: haw de moed om te sizzen dat BetterAs oantreklik is. Wy kinne ús yntinke datstû weromskrillest foar it polityk en foar it mooglik persoanlik risiko dat anneks is mei sa’n opstelling. Yn de fraksje en yn de Steaten sizze datst BetterAs wol op de aginda hawwe wolst, om wat reden dan ek, leveret yn earste ynstânsje miskien gjin byfal op.
Leauweardige polityk.
Dochs is it, om as politikus leauweardich te bliuwen, fan belang datst de needsaaklike moed wol opbringst. Foar it oansicht fan de polityk is it goed om it petear iepen oan te gean. It giet om in foar Fryslân gigantyske ynvestearring. It jild kin folle mear rendearje op in oare wize. Twa jier ferlyn waard yn de foarige Steaten it Provinsjaal ynpassingsplan foar de sintrale as bepraat. Fiif-en-in-heal jier ferlyn (desimber 2006) is it realisaasjebeslút naam mei in koste- bate- analyze derby. Dat realisaasjebeslút waard nommen troch de foar- foarige Steaten. Dy analyze is no, mei krimp, krisis en it hyltiid digitaler wurden fan it arbeidsproses (‘het nieuwe werken’) folslein ferâldere.
Minsken begripe jimme net.
Ta yllústraasje foar de leauweardigens fan de polityk: aksjefierders foar behâld fan sikehûs de Sionsberg freegje har bygelyks iepenlik yn har lêste parseberjocht ôf wat wichtiger is, disse sintrale as of in sikehûs? Jou al disse minsken yn de regio antwurd, en foaral: behein it kontakt net ta de relatyf lytse rûnte fan minsken dy’t elkoar yn it bestjoerlik fergadersirkwy tsjinkomme.
It advys fan TRIP abbekaten.
It wichtichste ferskil fan miening is de útlis fan punt 2.2.4.e fan de regeling foar it boargerinisjatyf. Is it ûnderwerp no wol of net behannele yn Provinsjale Steaten yn disse perioade? ‘BetterAs ‘ is yn alle gefallen nea behannele. De sintrale as is allinne oan de oarder kaam by it besprek fan it kolleezjeprogram. Dat wie gjin folweardige beslútfoarming, allinne in befêstiging fan in earder naam beslút. Dat lêste wie nedich om ‘t de ûnwissens oer de ôfrin fan in proseduere by de Ried fan Steat doe grut wie. Moasjes dy’t de saak skerper stelle woenen binne fersmiten. Hawwe jimme it ûnderwerp dêrtroch yn jimme perioade folweardich op de wurklist hân? Nee, fine wy en ús fisy is op syn minst likegoed juridysk te ûnderbouwen as dy fan it advys. Artikel 2.2.4.e is mei opsetsin sa formulearre dat yn folgjende steateperioaden troch in boargerinisjatyf korreksje mooglik is. Oars hie der wol stien: alle earder nommen besluten fan PS kinne gjin ûnderwerp foar in boargerinisjatyf wêze. It advys fan TRIP giet folslein foarby oan ien fan de wichtichste eigenskippen fan it boargerinisjatyf: korreksje op earder nommen besluten dy’t troch feroaring yn de omstannichheden net langer doelmjittich binne.
“Civielrechtelijke verplichtingen”
Alle yn it stik fan 14 maaie neamde foarbylden, útsein de oerienkomsten mei de gemeenten, binne net falide. BetterAs giet oer it trasee fan de sintrale as. Kavelruil, oankeap fan grûn en wennings, ferlizzen fan gasleidings en ferpleatsing fan heechspanningskabels, al dy dingen is likegoed ferlet fan. Der is minder grûn nedich, mar noch nimmen is ûnteigene, dus op dit punt binne der gjin foar juridyske prosedueres fetbere feiten. Oankochte grûn dy’t letter net nedich is hâldt foar in grut part syn wearde. De rûnwei om Garyp en alles dat dêrmei gearhinget sit ek yn BetterAs. Oanbesteging fan it Noardlik stik kin wachtsje oant nei de behanneling yn juny: dy tariedings binne noch mar krekt begoan, der is noch neat gund en dat falt mei in pear moanne ek net te ferwachtsjen. It oanpassen fan spoaroergongen sil wat oars útpakke, mar tusken ‘engineering’ en feitlike útfiering sit yn de regel in protte tiid. Fan sivylrjochtlike claims is no en aanst gjin sprake.
Claims fan gemeenten.
It is yndied mooglik dat gemeenten in part fan it jild dat se oermakke hawwe weromfoarderje wolle. Dat sil soarchfâldich besjoen wurde moatte, en fereasket nije petearen. De besparring dy’t BetterAs mei him meibringt makket in finansjele temjittekomming lykwols goed mooglik. Foar de gemeenten, dy’t troch de aktuele omstannichheden ta grutte besunigings twongen binne, biedt dit ek ferljochting foar har begrutting. Mei ridlik oerlis kin men in hiel ein komme. Wannear’t jimme de suggestje fan in ekonomysk fûns foar de regio oernimme (sjoch ús reachside), wit elk ek dat der serieus omtinken bliuwt foar de regionale ûntwikkeling. It is ûnwierskynlik dat gemeenten om disse reden har hiele meiwurking oan it plan opsizze wolle. En sels yn dy omstannichheden is de Provinsje by steat om BetterAs te realisearjen.
Skep in presedint!
De polityk past in earder nommen beslút oan, om ‘t de omstannichheden definityf oars woarn binne. Omtrint hûndert miljoen euro komt frij foar nij belied.
Mei rju achtinge,
It bestjoer fan de stifting ‘Better As’,
Jelle Arjaans, Douwe Bijlsma, Frâns Kuipers, Hannah Ludwig en Willem Verf.
Foar korrespondinsje, telefoan en e-mail adressen: sjoch www.betteras.nl.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.