Bruorren de Zee krije sulver nei “Lekker Koese”

zo. 2 maart · 23:232014 · 23:23 · Archief RTV NOF

Nei de prachtige foarstelling ”Lekker Koese” fan it Bûtenposter Kritetoaniel waarden net allinnich de fjouwers spilers en de oare meiwurkers fan it stik yn it sintsje en de blommen set, mar ek de kriteminsken Lourens en Andre de Zee.

Jan Beets (fotobeets.nl)

Nei de prachtige foarstelling ”Lekker Koese” fan it Bûtenposter Kritetoaniel waarden net allinnich de fjouwers spilers en de oare meiwurkers fan it stik yn it sintsje en de blommen set, mar ek de kriteminsken Lourens en Andre de Zee. De beide bruorren krigen sulver foar mear as 30 jier ynset foar de Krite mar ek fier dêrbûten yn ús provinsje. Iebe Bouma fan it STAFbestjoer kaam nei The Point mei de sulveren spjelden en de oarkondes.

“Lekker Koese”, Lourens de Zee spilet yn dit stik, wurdt sneintemiddei 9 maart op’e nij oer it fuotljocht brocht yn sealensintrum The Point. Dit om 15.30 oere. Nei ôfrin stiet in waarm en kâld buffet op it program. Kaarten hjirfoar binne oant te mei tiisdei 4 maart te besetten by blommesaak “Bloemtique” yn Bûtenpost.

Op freedtejûn 14 maart komt de spilersploech nei de Colle yn Kollum. Oanfang 20.00 oere, kaarten binne dan gewoan te krijen oan de seal.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.

Jan Beets (fotobeets.nl)