B?tenposter ?Amateurs? yn Kollumer Colle

zo. 13 januari · 00:002013 · 00:00 · Archief RTV NOF

Foar in folle seal spile it Bûtenposter Kritetoaniel sneontejûn de klucht `Amateurs` yn sealesintrum De Colle. Nei súksessen yn eigen doarp waard de útfiering op in nij in wiere boppeslach.

Foar in folle seal spile it Bûtenposter Kritetoaniel sneontejûn de klucht `Amateurs` yn sealesintrum De Colle. Nei súksessen yn eigen doarp waard de útfiering op´e nij in wiere boppeslach.

De spilers Amarens de Vries, Greetje Klaren, Dictus Benedictus, Anneke Nieuwenhuis, Remco de Poel, Henk Overdijk, Bianca Wiersma en Frouke Holtrop namen it publyk mei nei in toanielrepetysje fan selskip Fryske Krite in wike as wat foar de premiêre fan harren stik `Julia´s Reis`. Under lieding fan de nije regisseur, Jos, waard besocht der wat moais fan te meitsjen. Profesjoneler wie it doel  én in stik mei mear ynhâld.

Dat wie foar de amateurs in hiele útdaging, mar der wie foar keazen omdat de ferieniging 90 jier bestiet. Al rillegau die bliken dat net elkenien hjir, mei stik en regy, likegoed út de fuotten koe. Dêrby spilen dan ek noch de relaasjes ûnderling … wa die it mei wa?  In stik mei drama, tragyk, komeedzje en klucht .. mear smaken wienen en binne der net.

It wie foar spilers en publyk in prachtige jûn dy’t ovasjoneel besletten waard. Tegearre mei De Colle hat it Kritetoaniel in jierrenlange tradysje, nei in pear jier fan ôfwêzichheid, nei elan jûn. De Bûtenposters steane yn 2014 grif wer op it toaniel yn Kollum.

© Foto’s: Sake Beerstra

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.