Bysûnder smûke krystkuier en tsjinst
Woansdeitejûne om healwei sânen stiet de poeiermolke mei wat lekkers klear yn de âld skoalle, komme jim ek?
Woansdeitejûne om healwei sânen stiet de poeiermolke mei wat lekkers klear yn de âld skoalle, komme jim ek? Om mei ús troch it doarp te rinnen wêr’t ferskate sênes útbyld wurde fan ús iewenâlde krystferhaal! Sa ûngefear wie it yn’t lang de útnoeging.
Dat dêr sa massaal gehoar oan jûn wurde soe, hienen Aafke, Anneke en Thea nea ferwachte. Ek de net ”rein en hurde wyn” wurken mei.
We kamen bij Jozef en Maria yn ‘e timmerwinkel, bij de ingel, in echt koar dat prachtige lieten song.Bij de wizen út it easten en yn ‘e stâl sieten de herders te waken bij de skiep. It keatshokje wie omtovere as keninklik paleis wêr’t eltsenien him ynskriuwe moast, en dat waard fansels dien mei in fear doopt yn inkt.
Dêrnei allegear nei de tsjerke om it krystferhaal te hearren, wat foar in part op rym fertelt waard.Bysûnder, smûk wie de oanhef. En sa wie dizze krystnacht yn Brantgum/Waaksens.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.