CD presintaasje ?Folksferhalen ?t Achtkarspelen?

wo. 25 november · 00:002009 · 00:00 · Archief RTV NOF

Woansdei fûn yn de botanyske tún ‘De Kruidhof’ yn Bûtenpost de presintaasje plak fan de unike cd ‘Erfguod fan juster foar hjoed – Folksferhalen út Achtkarspelen.

Woansdeimiddei fûn yn de botanyske tún ‘De Kruidhof’ yn Bûtenpost de presintaasje plak fan de unike cd ‘Erfguod fan juster foar hjoed – Folksferhalen út Achtkarspelen’. Boargemaster Tjeerd van der Zwan hat it earste eksimplaar fan de cd oerlangje en der wiene optredens fan de meiwurkers oan de cd.


De gemeente Achtkarspelen hat yn it ramt fan de ‘Cultuurnota 2008-2011’ in cd meitsje litten mei folksferhalen út Achtkarspelen. Dizze ferhaleskat is in geweldich stik kultuerbesit fan de gemeente. Mei de cd wol Achtkarspelen har kultureel erfguod sichtber en tagonklik meitsje.


Begjin jierren sechtich fan de foarige ieu begûn it Volkskundeburo yn Amsterdam (no it Meertens Instituut) fan de ‘Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen’ oer hiel Nederlân folksferhalen te sammeljen. Ien fan harren samlers waard Adam Aukes (Dam) Jaarsma út Eastermar. Syn meiwurking bliek in boppeslach, want Jaarsma koe as gjin oar fertellers útkloarkje. Fan 1965 ôf hat er hûnderten minsken befrege en harren ferhalen opskreaun.


Doe’t de ûndersikers yn 1977 de einstân opmakken, wienen der út hiel Nederlân 31.441 ferhalen ynkommen. Mar leafst 16.758 dêrfan wienen by elkoar brocht troch Dam Jaarsma. It opfallende wie dat se yn haadsaak út de noardlike Fryske Wâlden kamen. Fertellers út de gemeente Achtkarspelen spilen yn de totaalopbringst net swak by. Sa hat Jaarsma bygelyks allinne al op ’e Harkema mear as hûndert man útfrege. Mar ek hie er syn adreskes yn ûnder oaren Boelensloane, Surhústerfean, Bûtenpost, Droegeham, Hamsterheide, Koatstertille en Stynsgea.


De ferhalefertellers op de cd binne Hilly Harms, Douwe Kootstra en Mindert Wijnstra. De ferhalen wurde ôfwiksele troch muzyk fan Bennie Huisman (akkordeon) en Arie van Lienen (harmoanika).


© Foto’s: Jan Beets

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.