De ferkearde koffer belânet yn Ljussens

di. 19 januari · 09:452016 · 09:45 · Archief RTV NOF

De Ljussemer toanielploech “Mei Nocht foar’t ljocht.” hat ôfrune freed en sneon wer garant stien foar twa noflike jûnen toaniel.

Eigen foto

De Ljussemer toanielploech “Mei Nocht foar’t ljocht.” hat ôfrune freed en sneon wer garant stien foar twa noflike jûnen toaniel. Se spilen it stik: De ferkearde koffer, in fleurich stik fan Peter Damen. Beide jûnen wie de seal moai beset en koene de minsken genietsje fan in stikje Fryske folkloare. Gerben Hoekstra en Kristien Hoekstra -Westra regisearren it stik foartreflik. De ynstekster wie Sjoerdtje Bakker-Visser. Foar it grimearjen soarge Jikke Sytsma.

Bearend en Sjaan organisearje in famyljereuny. Se ha derfoar in hûske hierd yn it bûtenlân. Bearend is in sul fan in man dy’t him alles sizze lit troch syn frou. In soart fan ‘Hyasint’ út ‘Schone Schijn’. De rolle wurde treflik delset troch Marten Hoekstra en Antsje Boanstra-Teitsma. De earste gasten Bram ( Douwe Hiemstra) en Kiki ( Tiny Schregardus-Sipma)binne fan twivel achtich alloai mar dogge harren foar as fiere famylje en binne saneamd troud. Dit soarget fansels foar in soad konsternaasje en komyske taferielen. Der blykt ek noch in non mei de namme Beatrice(Minke Wytsma) ta de famyljerûnte te hearren mar dy ha wol hiele moderne opfettingen en gebrûken yn it kleaster. Dochter Sanne wurdt spile troch Thea Weening en makket hjirmei in oertsjûge debút by de toanielploech. Alles mei-inoar in kluchtich en luchtich stik foar jong en âld geskikt. De spilers hienen krekt har rol, wienen tige kreas opsminkt en úteinlik gie eltsenien mei de goede koffer nei hûs.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.