De Kat spilet “Kâlde kak en tatoeaazje” · Foto('s): Sake Beerstra
  Sake Beerstra

De Kat spilet “Kâlde kak en tatoeaazje”

vrijdag 27 februari 2015

Op freedtejûn 6 maart en sneuntejûn 7 maart 2015 spilet de KAT it stik “Kâlde kak en tatoeaazje” in de Colle yn Kollum. In blijspul yn treie útkomsten skrean troch Carl Slotboom.

Koarte inhâld:
Trochdat in brief út België by fersin tusken de reklame-folders bedarre is, stiet derop in sneintemoarn in fiere neef fan Eugene van Sloten, syn frou Adelheid en harren dochter Marie-Claire, welke ferloofd is mei Willem-Jan, op de stoepe fan de van Scheltingaleane nûmer 74.

De besite út België, neef Sjef Bruinsma, syn frou Truus en harren soan Boris dogge gjin inkelde muoite om harren oan te passen oan it milieu fan de familie van Sloten, ek omdat hja it ferskil fan klasse net iens yn de gaten hawwe. Mei namme Adelheit ergert har blau oan de bretalens fan de familie Bruinsma en lit dit merke ek. Mar it rint oars fansels, mei namme wannear’t Svetlana Karpatov, de Russyske freondinne fan de familie van Sloten en Marie-Claire, Adelheit op har nûmer sette. Hoe it ta beslút ôfrint..

Spilers: Annet Dijkstra, Tietsje Poortinga, Roelof Hamersma, Wichard Meester, Jaqueline Agema, Els Hoekstra, Jaap Haaksma. Rezjy: Jan Meester. Ynstekster: Marijke Lanting, Marieke van der Weg.

De foarferkeap is fanôf 23 febrewaris bij Hilboezen Poelier en Tabak en Lectuurshop Hoekstra. Telefoanysk reservearje kin tusken 17:30 oere en 19:00 oere op telefoannûmer 0511 – 453972.

 

 

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 18:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 18:00 - 19:00
    Lytse Klankjes
    Jikke Wiersma
  • 19:00 - 21:00
    Leafde foar Muzyk
    Klaske Ferwerda
  • 21:00 - 23:00
    De Smachtwacht
    Mark en Frank Spijkers
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio