De Kat Spilet: Susters in Saken
Op freedtejûn 09 maart en sneontejûns 10 maart 2012 spilet de KAT it stik “Susters yn saken” in de Colle yn Kollum. In blijspul yn trije útkomsten skreaun troch Ton Davids.
Op freedtejûn 09 maart en sneontejûns 10 maart 2012 spilet de KAT it stik “Susters yn saken” in de Colle yn Kollum. In blijspul yn trije útkomsten skreaun troch Ton Davids. It Kleaster fan Mem Oerste, trije susters en in stammerjende pastoar sit yn jildpine. It sjocht der nei út dat it Kleaster meikoarten fallyt gean sil. Aartsbiskop Siemelink, die ‘t ien kear in it jier in wike komt om út te rêsten yn it kleaster, wol it ferkeapje en der in Kasino fan meitsje. Dan komt Guus Jongeneel, dy ’t grutske plannen hat mei it Kleaster.
As dan ek noch Rianne yn it Kleaster har taflecht syket, wurde de plannen fan Guus útwurke en yn in sucht is it Kleaster in rendabel fakânsjepark. As in pear moannen letter Monseigneur Siemelink delkomme wol, driget it hielendal mis te rinnen. Mar dan bart der in lyts wûnderke. En dit liket mear as foldwaande om de takomst fan Kleaster Park wissichheid te bieden.
Spilers: Els Hoekstra, Jaap Haaksma, Pieter Haaksma, Kim Westerhof, Maaike Beets, Annet Dijkstra, Dorrie Hilboezen. Regie: Jan Meester. Souffleuse: Marijke Lanting.
De foarferkeap is fan 21 febrewaris ôf bij Hilboezen en Passepartout.
Telefoanysk reservearje kin tusken 17:30 en 19:00 oere op telefoannûmer: 0511 – 453972.
© Foto: Sake Beerstra
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.