Dirk Pool (VVD) beneamd yn Provinsjale Steaten

wo. 19 december · 00:002012 · 00:00 · Bauke

Dirk Pool fan De Harkema is hjoed beëdige as lid fan Provinsjale Steaten foar de VVD. Pool folget dêrmei Aukje de Vries op. Hja hat hjoed, nei krapoan twa jier…

Dirk Pool fan De Harkema is hjoed beëdige as lid fan Provinsjale Steaten foar de VVD. Pool folget dêrmei Aukje de Vries op. Hja hat hjoed, nei krapoan twa jier, ôfskied naam as steatelid en as fraksjefoarsitter fan de VVD. Hja sil har steatelidmaatskip net langer kombinearje mei har wurk as lid fan de Twadde Keamer, dêr’t se yn novimber mei begûn is.

Pool (1967) is as selsstannich ûndernimmer as adviseur/finansieringsspesjalist foar bedriuwen aktyf en hy is dosint ekonomy en maatskippijlear yn Grins. Yn syn wengemeente Achtkarspelen is er riedslid en fraksjefoarsitter fan de ienmansfraksje fan de VVD. Earder wie er kommisjelid foar de VVD yn Vianen.
Sûnt inkelde moannen wie hy al aktyf foar de steaten as earste opfolger foar syn fraksje.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.