Doarpsman Hille Dantuma (89) fan Driezum ferstoarn

zo. 21 november · 00:002010 · 00:00 · Archief RTV NOF

Nei in koart siikwêzen is op freed 19 novimber yn syn hûs oan de Master Hofstrastrjitte te Driezum Hille Dantuma op njoggenentachtich jierrige leeftiid ferstoarn.

Nei in koart siikwêzen is op freed 19 novimber yn syn hûs oan de Master Hofstrastrjitte te Driezum Hille Dantuma op njoggenentachtich jierrige leeftiid ferstoarn. Foar it ferieningslibben yn Driezum hat hy in soad betsjutten. De ein fan de twadde wrâldkriich markeart it begjin fan in bloeiend ferieningslibben yn in protte Fryske doarpen. Nei de minne krisisjierren en de tsjustere oarlochsjierren wie ek yn Driezum wer ferlet oan ferdivedaasje.  Ferienigingen skeaten as poddestuollen ta de grûn út. Hille Dantuma stie oan ‘e widze fan in hiel soad nij oprjochte ferienings yn it doarp Driezum. Hy wie sels de (mei)oprjochter van damklup ‘De Skouwer’ yn 1945, de Fûgelwacht yn 1946 en de Spekklup yn 1963. Dizze lêste hâlde der yn 1976 wer mei op.


Hille Dantuma kaam net earder as yn 1984 yn it bestjoer fan de damklup en hantearre de foarsittershammer fan 1988 ôf oant en mei it opdoeken yn 2001. It hat oant 1974 duorre foardat er yn it bestjoer(û.o. foarsitter) fan de Fûgelwacht komme soe. Dit wie ek syn lêste bestjoersputsje dat einige yn 2001. Derneist hat Hille Dantuma fjirtich jier bestjoerslid west fan de begraffenisferiening ‘De Laatste Eer’, wêrfan 30 jier as foarsitter. Hoewol’t er amper in keatswedstriid miste, hat er mar in pear jier yn it bestjoer fan dizze feriening sitten.


Yn 1990 waard Hille Dantuma beneamd ta earelid fan fuotbalferiening VIOD. Fan de oprjochting ôf yn 1965 wie hy by dizze sportklup belutsen. Tusken 1969 en 1976 wie Dantuma algemien bestjoerslid. Twa perioaden (1976 – 1980 en 1983 – 1988) wie hy as foarsitter it gesicht fan VIOD. It moast raar rinne as hy in wedstriid fan it earste misse soe. De lêste tiid wie er net mear mei nei de útwedstriden ta mar wie dan wol fêste taskôger fan de sa súksesfolle frouljusploech. Foar al dizze fertsjinsten is hy Keninklik ûnderskieden.


De skeppe wie de reade tried yn it libben fan Hille Dantuma. Hy wie njoggen jier doe’t syn heit stoar en doe moast er syn broer Jouke helpe op ‘e tún. Neidat de Dútsers him oppakt hienen waard er tewurk steld yn Drinte, dêr’t er skuttersputsjes dolle moast. Nei de oarloch hat er by de boer wurke, by de droegerij fan Johannes ‘Grasso’ en as opperman by timmerman Alle van der Meulen. Fan 1947 oant 1959 wie it, neffens eigen sizzen, moardzjen yn it slyk tusken Blije en Swarte Hoanne.  Dêrnei hat er jierrenlang koster/deagraver fan de Herfoarme tsjerke Driezum west.  De lêste tsien jier oant er yn ‘e FUT kaam wie er grûnwurker by ferskate bedriuwen. Mar yn it telefoanboek stie Hille Dantuma altiten as ‘kweker’ te boek. Foar de oarloch sutele er al mei woartels. Oan it Melkpaad en efter de Master Hofstrastrjitte ferboude er syn grienten, dy’t er levere oan de grienteboeren yn it doarp en de feiling yn Dokkum en letter dy fan Ljouwert.


Mei it ferstjerren fan Hille Dantuma ferliest it doarp Driezum in markant en warber minske.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.