Dorpsbelangen Dantumadiel: niet alleen samenwerken met Dongeradeel
De gearwurkjende ferienings foar Doarpsbelang yn Dantumadiel hawwe in advys opsteld oer gemeentlike gearwurking en eventuele fusy yn Noardeast Fryslân.
De gearwurkjende ferienings foar Doarpsbelang yn Dantumadiel hawwe in advys opsteld oer gemeentlike gearwurking en eventuele fusy yn Noardeast Fryslân. Dit advys wurdt tiisdei 8 novimber oanbean oan B&W fan Dantumadiel op it gemeentehûs oan de
Hynsteblom te Damwâld. It advys is mei basearre op in enkête ûnder de leden fan de ferskillende ferienings, dy’t yn septimber en oktober organisearre is. Ek hawwe de doarpsbelangbestjoerders der sels twa kear oer kediisd. Dit resultearre yn in goed dokumintearre notysje (taheakke) mei in advys oan de gemeente.
It advys bestiet út 7 punten (side 10). Meast opfallend is dat de doarpsbelangen advisearje om net eksklusyf mei Dongeradiel gear te wurkjen, lykas no krekt wol gemeentebelied is. Kollumerlân heart der op syn minst by en der wurdt ek pleite om mei Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen gear te wurkjen. Ûnder de enketearre leden binne in soad dy’t it gearwurkjen mei Dongeradiel logysk fine. Mar der binne ek in protte dy ‘t krekt neat hawwe moatte fan Dongeradiel: “Klaai en Wâlden past net by elkoar”, “Dokkum is fierstente dominant”. El wurdt faak neamd: “Dongeradiel is earm” en “De lytse doarpen krije aanst fierstentemin omtinken.”
Dongeradiel wurdt ek troch de foarstanners fan gearwurking mei dy gemeente eins allinne mar neamd yn kombinaasje mei Kollumerlân. Oer Kollumerlân en Tytsjerksteradiel meitsje de minsken yn de enkête gjin negative opmerkings. Tytsjerksteradiel wurdt sjoen as in fitale gemeente mei goed belied en foldwaande finansjele reserve. Fusy is nammers hast gjinien foar; de bestjoeren hawwe de mooglikheid wol mei mekoar bepraat, omdat gearwurking dêrta liede kin. Der bestiet soarch: kinne wy nei in fusy noch prate oer in plattelânsgemeente? Wat bliuwt der oer fan de kultuer en ekonomy fan de Wâlden? De doarpsbelangen pleitsje foar gearwurking yn de “Noardlike Fryske Wâlden”. Hja wize in gemeente mei ien dominante kearn ôf.
De doarpsbelangen binne tige kritysk oer hoe’t de gemeente oer it ûnderwurp “gemeentelike weryndieling en gearwurking” mei de befolking kommunisearret. Hja wolle dat de gemeente de befolking ynformearret en stimulearret om mei te tinken oer de ferskillende alternativen.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.