Dries en Katy Sikkema út Dokkum 60 jier troud

ma. 25 april · 14:142022 · 14:14 · Jantsje Wiersma

DOKKUM – Snein 24 april wie it 60 jier lyn dat Dries Sikkema en Katy Gardenier troud binne. Wethâlder Jelle Boerema kaam moandeitemoarn by it diamanten pear op besite en naam in prachtich blomstik en een ôfskrift fan de houliksakte foar harren mei.

Jantsje Wiersma

DOKKUM – Snein 24 april wie it 60 jier lyn dat Dries Sikkema en Katy Gardenier troud binne. Wethâlder Jelle Boerema kaam moandeitemoarn by it diamanten pear op besite en naam in prachtich blomstik en een ôfskrift fan de houliksakte foar harren mei.

Yn 1937 is Andries Wieger Sikkema berne yn Aldwâld en Katy Lena Gardenier is berne yn Nes ( West-Dongeradiel) yn 1938. De jonge út de Wâlden en it famke fan de klaai kamen yn 1956 by elkoar yn de klasse te sitten op de Kweekskoalle yn Dokkum. It wie in moaie oplieding mei kundige leararen en fijne klasgenoaten. Nei it eksamen krigen hja ferkearing en omdat Dries yn it leger moast en Katy nei Amstelveen gie, wie in briefwikseling it ienige kontakt.

Yn 1962 trouden se yn Mitselwier op it gemeentehûs en yn de Herfoarme Tsjerke yn Easternijtsjerk. Se setten harren te wenjen yn Easternijtsjerk en de skoallekarriere begûn op de Groen van Prinstererskoalle yn Dokkum. Tegearre foar de klas wie wol bysûnder want as juf troude krige se har ûntslach!! Fanwegens de krapte by it ûnderwizend personiel mocht Katy oanbliuwe, mar nei de berte fan it earste famke moast hja ûntslein wurde. Dries waard learaar oan de LTS yn Dokkum en mei de twa famkes ferhuzen Dries en Katy yn 1968 nei Dokkum. Katy hat dêr letter ek noch 20 jier foar de klasse stien.

It is no 2022 en Dries en Katy 60 jier troud. Weromsjend ha sij in fol libben hawn. It lesjaan en it kontakt mei de leerlingen en harren âlders wie foar harren tige belangryk. Ek hawwe sy har bêst dien om yn har frije tiid in bijdrage te leverjen oan: “kerk, staat en maatschappij”. Yn it fotoalbum as lêste in foto fan de Kweekskoalle fan de 3e klasse , makke yn 1958.

Katy stiet foaroan twadde fan links. Dries stiet yn de boppeste rige tredde fan links

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.

Jantsje Wiersma