Earste eksimplaar fan it boek Dwaaltún

Dinsdag 01-10-2019
DOKKUM - Woansdei 18 septimber krige de Dokkumse skriuwer Anders M. Rozendal it earste eksimplaar fan it boek Dwaaltún oerlange. Dit boek is in ferfolch op Rachel, de dochter fan Timna, mar kin los dêrfan lêzen wurde.

De ynhâld:
Oardel jier reizge Rachel  mei Jezus en syn folgelingen troch it Joadske lân. Nei Jezus syn dea giet se nei de bern en bernsbern yn Antipatris.
Dan heart se ferhalen fan in lyk dat ferdwûn is en fan in opstanning; in folsleine tizeboel. Want wat is wier? Rachel har skoansoan giet nei Jeruzalem, mar dy reis kostet him hast it libben.
Letter emigrearje Rachel har bern nei Itaalje. Rachel en de âldste beppesizzer bliuwe efter en belânje yn it Samaritaanske Sichar, har eardere wenplak. Lânfâd Pontius Pilatus hat syn nocht fan de Joadske elite yn Jeruzalem en giet nei syn paleis yn Cesaréa. As der opskuor yn it Samaritaanske lân is, mient de lânfâd dat er yngripe moat. Dan treft Rachel Pontius Pilatus foar de tredde kear.

De Dwaaltún is te bestellen by de KFFB, www.kffb.nl

terug naar overzicht
Earste eksimplaar fan it boek Dwaaltún
© Foto's: Eigen foto

Vandaag op de radio

00:00-18:00 | RTV NOF Nonstop
18:00-19:00 | Goed gestemd
19:00-21:00 | Leafde foar muzyk
21:00-23:00 | De Smachtwacht
23:00-00:00 | RTV NOF Nonstop
Klik hier voor programma- informatie