Earste eksimplaar ‘In soarte fan brekken’ oerlange

ma. 8 juni · 14:592020 · 14:59 · Archief RTV NOF

KOLLUM – Sneon 6 juny l.l. krige skriuwster Jikke Olivier fan Kollum it earste eksimplaar fan har nije roman ‘In soarte fan brekken’ fan Mynke Hoekstra (útjouwerij KFFB). De roman giet oer Daan en Line Laanstra. Se binne al mear as tritich jier byinoar. En se hawwe it och sa goed tegearre. Mar dan barre der dingen dy’t sa slim binne dat de relaasje ûnder druk komt te stean. Wat sa fanselssprekkend like, stiet finaal op ‘e kop.

Willem Verbeek

Der komt in grut kearpunt yn it libben fan Daan en Line. Fan ‘e iene dei op ‘e oare slûpt iensumheid harren relaasje yn en der ûntstiet in situaasje dy’t hopeleas liket. Hoefolle bliuwt der oer fan de leafde dy’t der al dy jierren wie? ‘In soarte fan brekken’ fan Jikke Olivier is te bestellen by útjouwerij KFFB: www.kffb.nl

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.

Willem Verbeek