Earste Fryske gemeentegrinsboerd Dantumadiel ûntbleate

do. 18 november · 00:002010 · 00:00 · Bauke

Sûnt 1 jannewaris 2009 hat de gemeente Dantumadiel in Fryske gemeentenamme en binne de nammen fan de doarpen, strjitten en wegens allegear Frysk. Ien fan de gefolgen is dat…

Sûnt 1 jannewaris 2009 hat de gemeente Dantumadiel in Fryske gemeentenamme en binne de nammen fan de doarpen, strjitten en wegens allegear Frysk. Ien fan de gefolgen is dat de plak- en strjitnammebuorden ferfongen wurde. Yn febrewaris wienen de kombuorden oan bar en no steane der by de grins fan de gemeente ek buorden dy’t by de tiid binne. De plaknamme- en gemeentegrinsbuorden wiene twatalich mar wurde no ientalich Frysk. Boppedat komt op buorden fan de strjitten dy’t neamd binne nei in persoan ynformaasje oer dy persoan te stean.
 
Om de kosten te sprieden hat de gemeenterie besletten dat de ferfanging fan alle buorden, rekkene fan jannewaris 2009 ôf, yn in perioade fan tsien jier plakfine sil. Dat de hiele operaasje sil op syn lêst yn 2018 klear wêze. Tongersdei waard it earste gemeentegrinsboerd offisjeel ûntbleatte op ‘e grins mei Kollumerlân c.a. oan de Foarstrjitte, deun by de rotonde, yn De Westereen troch de wethâlders Roelof Bos en Siepie Hylkema.
 
© Foto’s: Sake Beerstra

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.