Earste Fryske nammebuorden Dantumadiel ûntbleate
Sûnt 1 jannewaris 2009 hat de gemeente Dantumadiel in Fryske gemeentenamme en binne de nammen fan de doarpen, strjitten en wegens allegear Frysk.
Sûnt 1 jannewaris 2009 hat de gemeente Dantumadiel in Fryske gemeentenamme en binne de nammen fan de doarpen, strjitten en wegens allegear Frysk. Ien fan de gefolgen is dat de plak- en strjitnammebuorden ferfongen wurde. Op tongersdei 18 febrewaris hawwe wethâlders Siepie Hylkema en Albert van Ploeg it komboerd fan Damwâld oan de Haadwei ûntbleate. It echtpear Lageveen – Brugman ûntbleate eefkes letter it strjitnammeboerd oan de Conradi-Veenlandstrjitte.
De plaknammebuorden binne oant no ta twatalich mar wurde ientalich Frysk. Op ‘e nije buorden fan de strjitten en wegens komme allinnich de Fryske nammen te stean. Boppedat komt op buorden fan de strjitten dy’t neamd binne nei in persoan, ynformaasje oer dy persoan. Om de kosten te sprieden hat de gemeenterie besletten dat de ferfanging fan alle buorden, rekkene fan 1 jannewaris 2009 ôf, yn in perioade fan tsien jier plakfine sil. Dat de hiele operaasje sil op syn lêst yn 2018 klear wêze.
© Foto: Germ Westra
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.