Earste útfiering fan Taaldoarp Bûtenpost

za. 24 mei · 07:55 · webredactie RTV NOF

BUTENPOST – Bûtenpost wie op freedtemoarn 23 maaie eefkes Taaldoarp Bûtenpost. Learlingen fan De Mienskip (Bûtenpost), De Bernebrêge (Surhústerfean), De Twa-Ikker (Stiensgea) en De Oanrin (Twizel) bestelden harren pizza en kochten harren fleis, blommen en klean yn it Frysk yn de winkelstrjitte fan Bûtenpost.

Ingezonden

It gie om in gearwurkingsprojekt fan Taalplan Frysk 2030 en de Praat mar Frysk-kampanje fan de Afûk. It Taalplan is der op rjochte om yn it ûnderwiis it gebrûk fan it Frysk te stimulearjen. Yn it Taaldoarp giet it dan om it praten fan it Frysk yn sa echt mooglike situaasje en wurdt de sprekfeardigens ek toetst. De Praat mar Frysk-kampanje is der op rjochte om it Frysk te brûken yn de mienskip: Frysk prate by de bakker, dokter, it gemeenteloket, yn de bus en op it sportfjild.

Yn Taaldoarp Bûtenpost praten de learlingen ûnder begelieding fan pabostudinten fan NHL Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert yn de winkels fan Bûtenpost. De start wie by De Kruidhof en de rûte gie del by: Boek, Post & Meer, Bloemtique, Rikst Fashion & Lifestyle, Binnen Markt Buitenpost, Uw Slager van der Bijl en Haarzaak M/V.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.

Ingezonden