Eerste jeugdwedstrijd K.V. Thomas Prins in Paesens-Moddergat

ma. 31 mei · 22:282021 · 22:28 · Bauke

PEASENS-MODDERGAT – Einlyks wie it dan wer safier!! De jeugd koe wer keatse. Foariche wike wie de partij oer gien in ferbân mei de hurde wyn, mar no koene se los. De jeugd hie der sin yn, der wiene 24 bern die’t sich opjûn hiene foar dizze partij. Fanwege de maatregelen sûnder publiek, mar der waard net minder om keatst.

Eigen foto

De jeugd wie yndielt yn 3 kategorieën. De jongste jeugd (kabouters) keatsen 3 kear, alle 3 kear opnij troch mekoar lotsje. Foar 3 bern wie dit de aller-earste partij. It enthousiasme straalde der fan ôf. Jorn Faber kaam hjir as winnaar út de bus en mocht de krans mei nei hús nimme. Anne Mirthe van Dijk waar twadde. Alle fjouwer bern ha út spultsje al goet yn it snotsje…

De welpen/pupillen wiene ferdielt yn twa- en trije tallen en moasten keatsen yn de poule. Ek hjir waard fanatiek keatst, bern hiene der sin yn! Der wie yn partuur die’t alle wedstryden wûn hie en der mei de krans fan troch gie. Die wiene Renke Jacob Cuperus en Froukje Lei. It twadde plak wie foar Sietske Elzinga, Anna Lisa Dijkstra en Gooitzen Prins.

De skoallejeugd hie wat langer wurk… Dizze wiene ferdielt yn parturen fan 2 of 3 keatser en moasten allegearre tsjin mekoar keatse. Ek hjir prachtige partijen, mei sels al in oantal boppeslaggen. De earste priis gie nei it partuur fan Pieter Siebe Cuperus en Ilse Zeilinga en de twadde priis wie foar Wybren de Jong en Sanne Janette Cuperus.

Tige tank foar de sponsor en frijwilligers! Wy hoopje op in prachtig, lang keatsseizoen.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.

Eigen foto