Ernst Meinsma kandidaat FNP riedslid

ma. 27 juni · 00:002011 · 00:00 · Archief RTV NOF

De FNP fraksje Dongeradiel wurdt fersterke mei Ernst Meinsma út Nes. Troch it fertrek nei Brussel fan Tytsy Willemsma en it opskowen fan Pytsje de Graaf ta wethâlder…

De FNP fraksje Dongeradiel wurdt fersterke mei Ernst Meinsma út Nes. Troch it fertrek nei Brussel fan Tytsy Willemsma en it opskowen fan Pytsje de Graaf ta wethâlder kaam der in plakje frij foar de 4 persoan sterke FNP fraksje. Ernst Meinsma (57) is gjin ûnbekende yn it polityk fermidden. Jierrenlang is hy al lid en as bestjoerslid is hy goed op’e hichte fan it politike lânskip yn Dongeradiel en yn de regio.

As bouboer wit hy wat der libbet yn boerefermiddens en  hy hat yn ferskate bestjoeren aktyf west: Tsjerkeried, Holland Crop-telersferiening, LTO-Dongeradiel en de begraffenis-feriening  te Nes. Noch altiten is hy in betûft reedrider en ek mei hy graach fytse en it lêzen fan trillers giet him ek noflik ôf.

Ernst Meinsma sjocht it as in útdaging de kommende jierren as riedslid de belangen fan doarp, stêd, boarger en boer en ûndernimmer stâl te jaan. Net tsjinsteande de krimp yn ús regio, besykje om de dynamyk te behâlden, sa is syn motto.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.