Falentynsdei 2011: Winneres ‘ûnmooglike leafde’ bekend
Marin Leus út Den Haag hat de wedstriid ‘Meitsje in monumint foar de ûnmooglike leafde’ wûn mei de ynstjoering fan in film. Sy studearret oan de foto-akademy en wenne eartiids yn Ljouwert.
Marin Leus út Den Haag hat de wedstriid ‘Meitsje in monumint foar de ûnmooglike leafde’ wûn mei de ynstjoering fan in film. Sy studearret oan de foto-akademy en wenne eartiids yn Ljouwert. Neffens de sjuery dy’t bestie út Willem Schoorstra, Renate Kuivenhoven en Halbe Piter Claus, hat Marin’s ynstjoering it bêste it tema ferbylde. Har film en alle oare ynstjoerings binne te besjen op www.flst.nl
De wedstriid is opset om it boek ‘Swarte ingels’fan Willem Schoorstra te promoatsjen. De ôfrûne tiid binne fia biblioteken hûnderten eksimplaren fan Swarte ingels ferspraat oer de provinsje. De beide haadpersoanen út it boek: broer en suster Hilbrand en Fardou, ferklearje inoar de leafde op Twitter en binne te folgjen as @HilbrandSwingel en @FardouSwingel.
Tongersdei 17 febrewaris sil op in literêre jûn oer de ûnmooglike leafde yn de biblioteek fan Dokkum de ‘Monumint foar de ûnmooglike leafde’-priis útrikt wurde.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.