Fan ûnderop wurkje smyt it measte op
Elke euro dy’t de provinsje yn de plattelânsprojekten stekt, smyt 4 euro ynvestearrings troch oaren op. De totale omset fan de projekten is sa’n 70 miljoen per jier.
Elke euro dy’t de provinsje yn de plattelânsprojekten stekt, smyt 4 euro ynvestearrings troch oaren op. De totale omset fan de projekten is sa’n 70 miljoen per jier. Dat is minder as in pear jier ferlyn, mar doe wie der mear jild foar gruttere projekten. Boppedat: de besteande Europeeske, nasjonale en provinsjale budzjetten nimme ôf. Dat komt om’t der yn 2014 nije budzjetten fêststeld wurde moatte. De ‘âlde’ budzjetten reitsje op. Dat blykt út in oersjoch oer de ôfrûne oardel jier fan it wurk fan de 5 Fryske Gebietsplatfoarms. Dy foarmje mei-inoar Plattelânsprojekten. Dat is al 11 jier lang it gearwurkingsferbân fan de provinsje Fryslân en Fryske gemeenten foar de leefberens fan doarp en streek.
Projekten om doarp en streek leefber en ekonomysk oerein te hâlden, steane heech op de aginda fan ynwenners. Undernimmers sjogge hieltyd wer kânsen om banen te meitsjen yn toerisme en rekreaasje. Yn Fryslân wenje de measte minsken yn Súdwest en Súdeast. De measte inisjativen foar plattelânsprojekten kamen dêr dan ek wei. Noordeast Fryslân lykwols hat wat jild oanbelanget de grutste projektomset. Yn de ôfrûne perioade wiene dat benammen it multifunksjoneel sintrum Westergeast – 4 miljoen euro – en it projekt “Vijfhuizen” fan de gebietsûntjouwing Ferwerderadiel foar 5 miljoen euro.
Yn de rapportaazje neame de Platfoarmleden noch wat grutte getallen: Yn de ôfrûne 11 jier binne der op it Fryske plattelân sa’n 2800 projekten útfierd. Mar leafst 1300 minsken út de doarpen en streken ynfestearden mei: Yn totaal foar in bedrach fan 700 miljoen euro. De provinsje hat in tredde fan dat bedrach – 225 miljoen euro – foar har rekken naam. De ynfestearders sels en ek it Ryk, “Europa” en gemeenten stiene foar de rest.
Dat it sa goed giet, leit oan it goede oparbeidzjen mei gemeenten, ûndernimmers, skoallen, doarpsferieningen, wenningkorporaasjes en partikulieren. “Fan ûnderop, tegearre mei de minsken en mei inisjatyf fan de minsken sels, dat wurket hjir yn Fryslân it beste”, seit ek deputearre Johannes Kramer.
Takom jier giet dy ‘fan ûnderop’-wurkwize fan Plattelânsprojekten gewoan troch. De organisaasje fan de projekten wurdt yn 2014 lykwols oars opset. Der sil fan dat jier ôf wurke wurde mei de Streekaginda. De regio’s sels besprekke foar dy streekaginda wat der de kommende jierren earst-en-foaral barre moat foar in goede takomst fan de ynwenners fan de eigen doarp en streek.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.