Feest by Thuishuis Zeeparel yn Eanjum · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

Feest by Thuishuis Zeeparel yn Eanjum

dinsdag 19 november 2019

Op sneon 9 novimber wie it feest by berne-opfang Thuishuis Zeeparel yn Eanjum. De bûtenskoalske opfang (bso) hat no in eigen romte en dy waard feestlik iepene. Der wie ek gelegenheid om by de berne-opfang binnen te sjen. Foar de bern wie der in clown ynhierd, dy’t in foarstelling fersoarge en ballonnen yn alderlei foarmen fâldzje koe. Thuishuis Zeeparel hat op dizze dei ek it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ yn ûntfangst nommen. Sy wurkje sûnt 2015 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en it sertifikaat behelle.

Thuishuis Zeeparel en twatalichheid
Thuishuis Zeeparel is in partikuliere berne-opfang yn Eanjum. Eigner Sietske van Dekken hat de lokaasje yn 2014 opsetten. Yn 2018 binne sy ferhúze nei in nije romte, yn MFC De Dobbe. Earder waarden de bern fan de bûtenskoalske opfang yn deselde romte as de bern fan 0 oant 4 jier opfongen, no hawwe sy in eigen romte.

It twatalich belied sjocht der op dizze lokaasje as folget út: alle pedagogysk meiwurksters prate konsekwint Frysk mei alle bern. It Nederlânsk kriget in plak by aktiviteiten lykas sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by Thuishuis Zeeparel west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Oer de taalomjouwing skriuwt de kommisje ûnder oaren: ‘By elts tema wurd Tomke materiaal socht. Elts tema hat ek in (hân)pop. Fan ‘e moarn bin ik dêr tsjûge fan. De “jungle” is it tema op dit stuit en Monkey is de (hân)pop. Nei it fruititen wurdt Monkey te foarskyn helle. Hy sit yn in doaze mei allegearre junglebisten. … Ien foar ien hellet Sietske bisten te foarskyn en beneame de bern de bisten. Iepen en sletten fragen wikselje mekoar ôf. De humor ûntbrekt net en op tige linige en betûfte wize fynt der in prachtich taalmomint plak.’ En yn har einkonklúzje: ‘Yn in moai fersoarge húslike romte witte de pedagogysk meiwurkers op Thuishuis Zeeparel it taalbelied al goed del te setten. Betûft gean de pedagogysk meiwurkters mei taal om en hâlde goed rekken mei de ferskillen tusken jongste en âldste bern. De froulju brûke konsekwint it ien taal ien persoanprinsipe. Boppedat hinget der in fleurige en noflike sfear yn ‘e groep.’

By it sertifisearringstrajekt krijt Thuishuis Zeeparel begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Bijschrift foto: Sietske en sertifikaat.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio