Fiifhûnderste útjefte bernebibel fan de KFFB · Foto('s): Jacob Wytsma
  Jacob Wytsma

Fiifhûnderste útjefte bernebibel fan de KFFB

donderdag 11 april 2019

Ofrûne wike belibbe de KFFB de Fryske boekeklub in hichtepunt yn syn 85-jierrich bestean: doe waard nammentlik de fiifhûndertste útjefte presintearre: Foar dy 20 bibelferhalen. Dy presintaasje wie yn de IJsherberg yn Dokkum. Jong en âld kaam dêr op ôf. Fansels ek om՚t gûchelder Minze Dijksma mei in optreden dit feest ekstra opfleure. Mar earst wie der in wolkomstwurd fan de foarsitter fan de KFFB Johannes Bakker.

Dêrnei fertelde skriuwer/skathâlder Mynke Hoekstra it ien en oar oer it ta stân kommen fan dit projekt. Foar dy 20 bibelferhalen is ornearre is foar de jongste bern. Om út foar te lêzen of om sels út te lêzen. De Dokkumer skriuwer Anders M. Rozendal hat de koarte ferhalen skreaun en yllustratrise Wendela Kluitenberg fan It Hearrenfean hat dêr prachtige en kleurige yllustraasjes by makke.

‘In útjefte dêr՚t de KFFB tige wiis mei is,՚ sa einige Mynke Hoekstra har taspraak en rikte dêrnei de earste eksimplaren oan de yllustratrise en de skriuwer út. Wendela Kluitenberg fertelde oer de ferskate kontakten en gearwurking mei Anders Rozendal en ek oer de stipe, gearwurking en it meitinken fan de minsken fan drukkerij Douma. ‘Dat wie hiel bysûnder. En
fansels hoopje ik dat dizze bernebibel in soad lêzen en besjoen wurde sil.՚ Yn it skoft en nei ôfrin wie der de mooglikheid om de bibel te keapjen. De oanwêzigen makken dêr graach gebrûk fan.

Fansels leit Foar dy 20 bibelferhalen yn ՚e boekhannels, mar hy kin ek streekrjocht by de KFFB besteld wurde: tel. 0519 320838 e-mailadres: boekeklub@kffb.nl

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.
Fiifhûnderste útjefte bernebibel fan de KFFB · Foto('s): Jacob Wytsma
  Jacob Wytsma

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 08:00
    Harteklanken
    Non-stop
  • 08:00 - 10:00
    Klankbord
    Geestelijk verzoekplaten programma
  • 10:00 - 12:00
    Op 'e Hichte
    Nieuws uit Achtkarspelen & Tytsjerksteradiel
  • 12:00 - 14:00
    De Weekend Nieuwsshow
    Nieuws uit Dantumadiel & Noardeast-Fryslân
  • 14:00 - 18:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 18:00 - 20:00
    Hollandse Toppers
    Tinus Kempenaar
  • 20:00 - 22:00
    Hollands op zijn Best
    Joege en Jikke
  • 22:00 - 00:00
    Hit Tijdmachine
    Dicky Denkers
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio