Finale Sjongfestival foar Bern 2012

di. 22 mei · 00:002012 · 00:00 · Archief RTV NOF

Op freed 25 maaie wurdt foar de achtste kear de grutte finale fan it Sjongfestival foar Bern hâlden yn Schouwburg De Lawei yn Drachten. It Sjongfestival foar Bern is in…

Op freed 25 maaie wurdt foar de achtste kear de grutte finale fan it Sjongfestival foar Bern hâlden yn Schouwburg De Lawei yn Drachten. It Sjongfestival foar Bern is in inisjatyf fan Cedin Taalsintrum Frysk en Omrop Fryslân.

De presintaasje fan de finale is yn hannen fan Raynaud Ritsma en Alyt Damstra; de presintatoaren fan Tsjek, skoaltelevyzje fan Omrop Fryslân. Raynaud is dêrneist ek de leadsinger fan de band ´Vangrail´. De saakkundige sjuery bestiet út Anne Oosterhaven (muzykdosint), Theo Brouwer (komponist en dirigint) en Janna Eijer (sjongeres). 

25 skoallen dienen mei oan de trije foarrondes fan it Sjongfestival, dy´t ein april hâlden binne yn Wommels, op De Jouwer en yn Burgum. De sjuery, dy’t bestie út Frederik Kampstra, Marrit de Schiffart en Carin Seegers, liet ûndersteande njoggen skoallen trochgean nei de finale.

By de Boarne – Boarnburgum             ‘Mobyl’

Ds. Hasperskoalle – Akkrum               ‘Planet Earth’

´t Grovestinshof – Koudum                  In eigen húske’

De Mienskip – Bûtenpost                     Seemansliet’

Eben Haëzer – Dokkum                       Boargemaster Ikke’

De Twine – Drylts                                Pake’

It Klimmerblêd – St. Nyk                      Dunsjen bliuwe

De Barte – Froubuorren                        Planet Earth’

´t Finster – Warkum                              Pake’

Oan it Sjongfestival foar Bern kinne de groepen 6, 7 en 8 fan basisskoallen yn Fryslân meidwaan. It projekt wurdt mei finansjeel stipe troch de Douwe Kalma Stifting. De winnende skoalle giet nei hûs mei de sulveren wikselbokaal de ‘Karin de Jong-priis’. Dêrneist komt harren optreden yn syn gehiel yn it programma ‘Tsjek’ en krije sy in dvd mei harren optreden. Fierders is der in brûnzen, sulveren en gouden mikrofoan foar de nûmers 3, 2 en1

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.