FNP: bettere Sintrale As

wo. 9 februari · 00:002011 · 00:00 · Bauke

De FNP kriget geregeld de fraach wat sy no mei de Sintrale as wol. As FNP stiet foarop dat wy in bettere ûntsluting wolle fan Noard-East Fryslân. Mar de FNP wol in oar trasee as wat no troch de Provinsje…

De FNP kriget geregeld de fraach wat sy no mei de Sintrale as wol. As FNP stiet foarop dat wy in bettere ûntsluting wolle fan Noard-East Fryslân. Mar de FNP wol in oar trasee as wat no troch de Provinsje útfierd wurde sil. De fariant fan de FNP is goedkeaper, is in folle minder gruttere oanslach op it lânskip en foldocht oan de easken op it mêd fan ferkearsfeiligens. De fariant fan de FNP wykt wat de route oangiet wat ôf fan de saneamde ‘Griene As’ en makket it ek mooglik om oer in grut part fan it trasee 100 kilometer te riden (ynstee fan 80/oere).

Trochstreaming
It trasee fan de FNP begjint ek by Nijegea en rint oant Dokkum ta. Tusken Dokkum en Feanwâlden en tusken Burgum en Nijegea kin 100 kilometer riden wurde. Yn it tuskenlizzende stik 80. In akwadukt ûnder it PM-kanaal en ûngelykflierse krusingen. Dat alles betsjut in goede trochstreaming fan it ferkear en in ympuls foar de ekonomy. Der komt in rûnwei om Hurdegaryp hinne en Burgum en Damwâld wurde ûntlêste.

Natuer en miljeu
De natuer wurdt safolle mooglik ûntsjoen. Tink oan Kûkherne en de Foksegatten. Der is gjin ferlet fan in  rûnwei troch de mieden om Garyp hinne. Der wurdt rekken hâlden mei de besteande lânskipsstruktuer troch beamsingels te folgjen.

Eigen alternatyf
De konsekwinsjes fan de Sintrale As sa’t de Provinsje Fryslân it no wol binne net akseptabel foar miljeu, lânskip en leefberheid fan ‘e doarpen. Dêrom dat de FNP mei in eigen alternative route kommen is. De besteande wegen moatte safolle mooglik bestean bliuwe en as útgongspunt jildt dat op de nije As safolle mooglik 100 kilometer/oere riden wurde kin. De FNP is dus foar in Sintrale As en goede berikberens, mar dan better, goedkeaper en griener!

Sybren Posthumus
wurdfierder ferkear Steatefraksje FNP

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.