FNP: busrûte Birdaarderstrjitwei wer werom!
Fan ferskillende kanten krijt de FNP-fraksje fragen en klachten oer de wizige busrûte dy’t nei de werynrjochting fan de Birdaardstrjitwei plakfûn hat…
Fan ferskillende kanten krijt de FNP-fraksje fragen en klachten oer de wizige busrûte dy’t nei de werynrjochting fan de Birdaardstrjitwei plakfûn hat. De soarchynstellings binne op dizze wize min te berikken mei it iepenbier ferfier wylst dêr in grut ferlet fan is. Oan de Birdaarderstrjitwei steane de Waadwente, de Sionsberg, Dockaheem en in wenfoarm fan Talant.
Bewenners, persoaniel en besikers moatte no in ein rinne foar’t hja te plak binne. “It giet hjir om in kwetsbere groep bewenners en dy wurde op sa’n wize te koart dien” se seit Pytsje de Graaf, fraksjefoarsitter fan de FNP yn Dongeradiel. De fraksje hat fragen steld wêrom’t der in wiziging yn de busrûte plakfûn hat, wylst der foarich jier noch nije bushokjes pleatst binne ter hichte fan it ferpleechtehûs.
Fierderop yn de gemeente steane der bushokjes fertutearze by en hjir steane gloednije hokjes wylst der gjin bus mear del komt. De FNP soe graach wolle dat de busrûte wer werom komt sadat de bewenners, persoaniel en besikers wer foar de doar útstappe kinne.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.