FNP: dak grutte nije stâlen mei sinnepanielen

wo. 7 december · 00:002011 · 00:00 · Bauke

De Steatefraksje fan de FNP wol dat it dak fan nije pleatsen geskikt makke wurdt foar sinnepanielen. Nije stâlen moatte dêrfoar sa folle mooglik op it suden rjochte wurde. Sa kinne…

De Steatefraksje fan de FNP wol dat it dak fan nije pleatsen geskikt makke wurdt foar sinnepanielen. Nije stâlen moatte dêrfoar sa folle mooglik op it suden rjochte wurde. Sa kinne nije grutte melkfeebedriuwen tagelyk ek skjinne enerzjy opwekke. De FNP komt mei dit útstel hjoed yn de Steatekommisje dy’t oer de grutte stâlen yn Fryslân te set moat.

It útstel fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten is om grutte nije stâlen foar melkfeehâlders yn Fryslân ta te stean, op de betingst dat se goed romtlik ynpasber binne. Dat moat barre mei saakkundigen neffens de wurkwize fan ‘De Nije Pleats’. Sa moat soarge wurde dat de kwaliteit fan it boerehiem en it lânskip der om hinne ferbettere wurdt.

De FNP stelt no foar om de romtlike kwaliteit fan nije pleatsen net te smel te besjen. Omtinken foar de maatskiplike sitewaasje heart der ek by, fynt wurdfierder Jan Visser. Bygelyks it opwekken fan skjinne enerzjy mei sinnepanielen. ‘It soe skande wêze om neat te dwaan mei dy ûnbidich grutte dakken, Boppedat past It opwekken fan sinne-enerzjy tige goed by in feehâlderij dy ‘t yn de hiele keten duorsum produsearje wol”.

Ek it swiere ferkear fan en nei de nije grutte pleatsen soe meitelle moatte neffens de FNP. Sokke hiele grutte bedriuwen lûke in soad ferkearsbewegingen fan swiere frachtweinen en grut lânboumaterieel. Dat is net feilich as der allinnich mar âlde smelle dykjes binne, dy’t dan gau stikken jage wurde op kosten fan de gemeente. Better soe wêze neffens de FNP om by de plannen foar in nije grutte pleats dan tagelyk ek nei de ûntslutingswegen te sjen. As it kin allinnich grutte nije stâlen sette op plakken dêr’t al in goede ûntsluting is, stelt de fraksje.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.