FNP Dantumadiel freget ekstra riedsgearkomst oan
Mei it each op de hjoeddeistige ûntwikkelings yn de gemeente Dantumadiel makket de FNP him soargen oer it herstelplan dat it kolleezje yn septimber oan de gemeenteried foarlizze wol
Mei it each op de hjoeddeistige ûntwikkelings yn de gemeente Dantumadiel makket de FNP him soargen oer it herstelplan dat it kolleezje yn septimber oan de gemeenteried foarlizze wol. Foar in soad boargers is it in lange tiid fan ûnwissigens.
Fraksjefoarsitter Ferry van der Ploeg hat dêrom in fersyk yntsjinne by de foarsitter fan de gemeenteried, mei stipe fan de riedsleden fan it CDA en de VVD, om in ekstra riedsgearkomst yn te plannen foar nije wike tiisdei 18 juny. Yn dizze gearkomst sil de FNP in moasje yntsjinje om noch foar it reses mei in herstelplan te kommen.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.