FNP: fragen oer skea gas- en sâltwinning yn Steaten

woensdag 25 november 2015

De Steatefraksje fan de FNP wol tekst en útlis oer de ynset fan de provinsje by de omkearde bewiislêst. De Twadde Keamer wol krekt as de FNP dat minsken mei skea fan gas- en sâltwinning en oare mynbouskea yn hiel Nederlân makliker in claim yntsjinje kinne. Minister Kamp wol de omkearde bewiislêst beheine ta allinnich wenningskea yn it ierdbevingsgebiet yn Grinslân.

De FNP wol dat deputearre Schrier syn fyzje oer de omkearde bewiislêst jout yn de iepenbiere Steategearkomste: ‘It is moai dat it Kolleezje yn it foar al wat seit fia de parse, mar wat foar ús telt binne de antwurden yn de Steaten.’ Wurdfierder Wopke Veenstra wol graach in brede útlis fan it begryp mynbouskea. ‘Wy hawwe it ek oer weardefermindering fan ûnreplik guod, juridyske- en advyskosten, fermindering fan ynkomsten fan fersakke lân, derving fan wengenot ensafuorthinne.’

De FNP wurdfierder freget ek nei de gruttere advysrol foar gemeenten en provinsjes, dy’t nei alle gedachten yn de nije Mynbouwet komt. Hy wol witte wat de relaasje fan dy advysrol is mei it mear juridyske spoar fan de omkearde bewiislêst. Wurket de provinsje no ek gear mei de gemeenten, it Wetterskip en de oare provinsjes? Wurdt it aanst better foar de ynwenners fan Fryslân en lestiger foar de machtige mynboumaatskippijen sa as de NAM?

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 08:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 08:00 - 09:00
    Goed Gestemd
    Oebele en Sia Vries
  • 09:00 - 11:00
    Tsjerke-tsjinst
    Dienst uit de streek
  • 11:00 - 12:00
    Capriccio
    Haite Schukking
  • 12:00 - 14:00
    Blasmusik im Herzen
    Durk en Annelies
  • 14:00 - 17:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 17:00 - 18:00
    Geloven en Beleven
    Harry Nienhuis
  • 18:00 - 19:00
    Wâldklanken
    Harry Nienhuis
  • 19:00 - 21:00
    RTV Metalcafé
    Marcus en Jitse
  • 21:00 - 22:00
    Met de voet tussen de deur
    Martin van der Velde
  • 22:00 - 00:00
    New Age
    Kees Haremaker
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio