FNP Fryslân: mei elkoar opkomme foar sikehûs Sionsberg

do. 1 december · 00:002011 · 00:00 · Archief RTV NOF

De FNP steatefraksje makket him grutte soargen oer de oanhâldende berjochten oer de takomst fan it sikehûs fan Dokkum, De Sionsberg. De FNP wol dat de provinsje mei de gemeenten opkomt…

De FNP steatefraksje makket him grutte soargen oer de oanhâldende berjochten oer de takomst fan it sikehûs fan Dokkum, De Sionsberg. De FNP wol dat de provinsje mei de gemeenten opkomt foar it behâld fan in ferantwurde sûnenssoarch yn de regio, ynklusyf ferloskunde en bertesoarch. En foar behâld fan de wurkgelegenheid yn de regio. De provinsje wurket nau gear mei de oanbelangjende gemeenten yn de gebietsoanpak Noard East.

Wurdfierder Toering: ‘ In wichtich aspekt dêryn is it behâld fan wurkgelegenheid yn dy regio. En De Sionsberg is de grutste wurkjouwer yn dit gebiet.’ De provinsje hat it foech oer de oanrydtiden foar ambulânses. Neist de basis sûnenssoarch stiicht de Sionsberg mei inkele spesjalisaasjes boppe oare sikehuzen út, bygelyks de pinehollepoly. Yn it ferline is it sikehûs mei dûbeltsjes en kwartsjes troch de mienskip opbrocht. In pear jier ferlyn hat dizze mienskip noch 4 ton op it kleed lein foar in MRI-scan.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.