FNP: It Dokkumer Binnenhof

Zaterdag 30-11-2019
DOKKUM - INGEZONDEN

In gemeentehûs yn it bestjoerlik hert fan ús gemeente Noardeast- Fryslân, Dokkum, moat alluere en status krije. In histoaryske bestjoerssintrum fariant binne we dan ek hielendal foar!

Ofrûne wike binne wy troch de Stifting Bonifiatiustsjerke bypraat. Dit wie in ad- hoc aksje fan de stifting mar it hat wol fertuten dien. Dit plan past perfekt yn de krekt oanname monuminten en tsjerkefyzje moasje, dy unanym troch de gemeente Noardeast- Fryslân omearme is.

Hergebrûk en in nije bestimming sykje fan âlde gebouwen en tsjerken. In moaie bestjoerlik plein yn hertsje Dokkum realisearje, it Dokkumer Binnenhof, wa wol dat no net? As FNP ha wy it dan ek goed foar de kop dat jo steat en tsjerke fan elkoar skieden hâlde moatte. Mar wy sjogge de fariant Bonifiatiustsjerke dan ek as gebou en net as ynstitút. Dêr leit neffens ús ek de crux.

Tsjerklike uteringen binne yn us eagen net te kombinearjen mei in gemeente riedsgearkomste, dus der mat in dúdlike kar makke wurde! De gemeente nimt it gebou oer dan kin der in riedsseal fan makke wurde en de tsjerkemienskip siket in nij plak. Mar it is in kâns en wy as FNP binne dan ek optein dat it kolleezje fan Noardeast, dit fenomenale gebou út de hân fan arsjitekt Petrus Josephus Hubertus (Pierre) Cuypers, yn elk gefal ûndersyk weardich fynt. Om it in nije bestimming te jaan en it bewarjen foar de histoaryske binnenstêd fan Dokkum.

Bert Koonstra
Fraksjefoarsitter FNP Noardeast- Fryslân
Sweagerbosk

terug naar overzicht


Overig nieuws

Vandaag op de radio

00:00-07:00 | Hollandse Nacht
07:00-08:00 | RTV NOF Nonstop
08:00-09:00 | Goed gestemd
09:00-11:00 | Kerkdienst
11:00-14:00 | Weekend Nieuwsshow (Herh.)
14:00-17:00 | Runwei Sport
17:00-18:00 | RTV NOF Nonstop
18:00-20:00 | Tobias Post
20:00-22:00 | RTV Metalcafé
22:00-00:00 | RTV NOF Nonstop
Klik hier voor programma- informatie