FNP: karbidsjitten moat bliuwe!

ma. 31 december · 00:002012 · 00:00 · Archief RTV NOF

De riedsleden fan de FNP Dongeradiel hawwe op Aldjiersdei in karbidsjittoer makke. Yn Ie, Ingwierrum en Eanjum wiene de riedsleden Fedde Breeuwsma…

De riedsleden fan de FNP Dongeradiel hawwe op Aldjiersdei in karbidsjittoer makke. Yn Ie, Ingwierrum en Eanjum wiene de riedsleden Fedde Breeuwsma, Lolke Folkertsma, Ernst Meinsma en bestjoerslid Jaap Postema presint.

‘Karbidsjitten is ûnderdiel fan de kultuer fan ús doarpen en dêrfoar moat de romte wêze,” neffens de oanwêzige FNP riedsleden. De komst fan de FNP riedsleden waard tige wurdearre en dat de riedsleden mear kinne as fergaderje liet Fedde Breeuwsma sels sjen, op de foto in al karbidsjittende fraksjefoarsitter fan de FNP Dongeradiel.

Foto: FNP riedsleden Fedde Breeuwsma en Ernst Meinsma sjogge de keunst ôf yn Ingwierrum

© Foto: Lolke Folkertsma

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.