FNP moasje ‘ minst bedeelden’ oannaam
De folsleine ried fan Dongeradiel, ynklusyf it Kolleezje, hat tongersdei ynstimd mei de FNP moasje om in signaal nei de Twadde Keamer ôf te jaan dat it no tiid is om de prinsipiële hâlding om ….
De folsleine ried fan Dongeradiel, ynklusyf it Kolleezje, hat tongersdei ynstimd mei de FNP moasje om in signaal nei de Twadde Keamer ôf te jaan dat it no tiid is om de prinsipiële hâlding om gjin gebrûk fan Europeeske fûnsen te meitsjen foar de bestriding fan earmoede farre te litten. Wurdfierder Klaas Fokkinga: ” It regear moat erkenne dat earmoed ek yn Nederlân foarkomt.
Sjoch nei de groei fan de itensbanken mar ek nei de oanfragen dy’t b.g. binnenkomme by it Nationaal Fonds Kinderhulp. Wy moatte beskikber jild net langer yn Brussel lizze litte. Ek moat it regear of as dy net wol, de provînsje en gemeenten oanjaan de Brusselske fûnsen te ko-finansjieren. Wy moatte fan ûnderop no druk jaan om foar te kommen dat we straks wer mei lege hannen stean wylst de problematyk yn it sosjaal belied tanimt”.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.