FNP: net oer mar mei de jeugd prate

wo. 16 december · 19:522015 · 19:52 · Archief RTV NOF

De FNP fraksje hat by trije jeugdhonken yn Dongeradiel op besite west. Yn Nes hawwe de fraksjeleden in petear hân mei it bestjoer fan de jeugdsoas Us paleis. Dêrnei stie Mitselwier – de Oanrin – op it programma. As lêste honk waard it jeugdhonk ‘t Terpke yn Easternijtsjerk besocht.

Eigen foto's

De FNP fraksje hat by trije jeugdhonken yn Dongeradiel op besite west. Yn Nes hawwe de fraksjeleden in petear hân mei it bestjoer fan de jeugdsoas Us paleis. Dêrnei stie Mitselwier – de Oanrin – op it programma.

As lêste honk waard it jeugdhonk ‘t Terpke yn Easternijtsjerk besocht. Fan beide kanten waard it belang fan dizze wurkbesite beneamd. Dúdlik waard dan der op dit stuit gjin grut oanbod fan de doelgroep wie yn Nes en Mitselwier. Ek it krektlyn ynfierd alkoholferbod fan 16 oan’t 18-jierrigen hat it besikerstal gjin goed dien.

De groei fan it tal jeugd yn de doarpen jout hope foar de takomst. Der wurde, neist it runnen fan it honk,oare aktiviteiten organisearre om de fuotten ûnder it gat te hâlden. Yn Mitselwier wie dêr in noflik petear mei 3 jongeren dy’t tagelyk ek bestjoerders fan it honk binne. Yn Easternijtsjerk troffen de riedsleden in aardich grutte groep besikers oan.

Oer’t generaal wienen hjir deselde lûden te hearren as yn de oare honken mar it tal besikers is stabiler. Al mei al is de FNP-fraksje breed ynformearre oer de kânsen en aktiviteiten fan de besochte jeugdhonken. In blik Fryske pipermintsjes joech de jeugdhonken nei ôfrin fan de besite ekstra kleur!

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.

Eigen foto's