FNP: Skriftlike fragen oer gefaarlik krúspunt Harkema
HARKEMA- De steatefraksje fan de FNP hat yn gearwurking mei pleatslik belang fan De Harkema fragen steld oer de feiligens fan it krúspunt provinsjale wei N369
HARKEMA- De steatefraksje fan de FNP hat yn gearwurking mei pleatslik belang fan De Harkema fragen steld oer de feiligens fan it krúspunt provinsjale wei N369 mei de Reitsmastrjitte en de Betonwei yn De Harkema.
Dit is in drok krúspunt, foaral yn de spitsoeren is it dreech om fanút rjochting De Harkema, oansluting te krijen op de N369. Der binne de lêste jierren ferskate ûngelokken west. Pleatslik belang fan De Harkema wol graach dat dit krúspunt oanpakt wurdt om dêrmei de feiligens en de trochstreaming te ferbetterjen.
It binne einliks twa krúspunten, ien mei de provinsjale wei en de oare is in gemeentlik krúspunt, mar wol deun op inoar en dêrtroch min oersichtlik.
Nei oanlieding fan it boppesteande hat de FNP-fraksje Achtkarspelen de folgjende fragen:
• Is it kolleezje it mei ús iens dat it hjir giet om in gefaarlik krúspunt?
• Is it kolleezje op ‘e hichte fan de soarch fan pleatslik belang De Harkema oangeande de ûnfeiligens fan dit krúspunt?
• Is it kolleezje op ‘e hichte fan de fragen dy’t de steatefraksje fan de FNP steld hat oan Deputearre Steaten?
• Sa ja, hat it kolleezje hjiroer al yn oerlis west mei de provinsje?
• Sa net, is it kolleezje ree om dit as noch op te pakken rjochting provinsje?
• Is it kolleezje ree om by útfiering fan de plannen jild hjir foar beskikber te stellen?
Ut namme fan de fraksje FNP Achtkarspelen,
Hr. IJ. van Kammen
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.