FNP: Tongerjend nee tsjin kearnôffal opslach yn Ternaard

do. 14 februari · 00:002013 · 00:00 · Bauke

De FNP Dongeradiel hat gjin goed wurd oer foar de mooglikheid dat de sâltkoepels yn Ternaard op’e nij wer foar de opslach fan kearnôffal yn’e beneaming komme kinne.

De FNP Dongeradiel hat gjin goed wurd oer foar de mooglikheid dat de sâltkoepels yn Ternaard op’e nij wer foar de opslach fan kearnôffal yn’e beneaming komme kinne. De Europeeske Raad van ministers hat op 19 july 2011  in rjochtline oer de opslach fan kearnôffal fêststeld en it Europeesk Parlemint is hjir mei akkoard. Dizze rjochtline moat it regear yn Den Haach foar 23 augustus 2013 yn de wet opnimme.

It ministearje fan Ekonomyske Saken stelt dat ; boargers, bedriuwen en oerheden belutsen wurde sille by de foarmjouwing fan it belied foar it behear fan ferbrûkte splytstoffen en radio-aktyf ôffal. De sâltkoepels fan Ternaard komme wer yn byld  en ek de klaailagen op Skiermûntseach. De Minister hat yn jannewaris  de gelegenheid  jûn sjenswizen/beswieren kenber te meitsjen. De FNP is skrokken dat it kolleezje fan B &W fan Dongeradiel noch gjin réaksje jûn hat.

De befolking moat ek goed ynformearre en aktivearre wurde en “‘ in tongerjend nee “, is hjir op syn plak neffens wurdfierder en FNP riedslid Lolke Folkertsma. It kin net sa wêze dat as wy oan de iene kant drok dwaande binne mei in goede ûntsluting oer de dyk en ek digitaal en dat ús regio it imago kriget dat wy as it ôffalputsje fan Nederlân brûkt wurde.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.