FNP wol opheldering krusing by Hallum · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

FNP wol opheldering krusing by Hallum

dinsdag 12 november 2019

De FNP wol dat it kolleezje no rap wurk makket fan de krusing fan de N357 mei de Doniawei by Hallum. In soad Hallumers fine dy ûnfeilich. Der giet in soad swier ferkear oer nei it bedriuweterrein. Nettsjinsteande tasizzings oan doarp én gemeente hat de FNP de yndruk dat de saak stil leit. De FNP wol no opheldering en stelt dit moarn by de Begruttingsgearkomste oan de oarder.

Tariedingen
In jier lyn antwurde it foarige kolleezje fan Deputearre Steaten op fragen fan de FNP dat it kolleezje yn gearwurking mei pleatslik belang dwaande wie mei it útfieren fan in ‘quick-scan’ om te sjen wat der op dat krúspunt yn Hallum mooglik wie. Neffens it kolleezje wie it in realistyske plenning om 2019 te brûken foar ûndersyk, petearen mei ynwenners en bedriuwen en dêrnei in goeie tarieding om op syn betiidst it krúspunt yn 2020 oan te pakken. De FNP-Steatefraksje wol no fan it kolleezje witte hoefier it mei de tariedingen is.

Tasizzingen
Ek wol de FNP witte oft de ynformaasje kloppet dat der in bestjoerlike, mûnlinge tasizzing fan it foarige kolleezje leit oan sawol de wethâlder fan it eardere Ferwerderadiel (no Noardeast Fryslân) as it bestjoer fan doarpsbelang Hallum om de oanpak fan dizze krusing nei foaren te heljen.

Dochs gjin jild?
Ferline jier sei it kolleezje dat der noch nei jild socht wurde moast. It liket der op dat in jier sykjen noch neat oplevere hat. Nettsjinsteande de eardere tasizzingen, stiet de oanpak fan de krusing yn Hallum net yn it útfieringsprogramma fan de provinsje Fryslân.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on air
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    No Nonsense
    Henk en Gerrie
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio