FNP: Woudagemaal faker yn bedriuw

di. 17 januari · 00:002012 · 00:00 · Bauke

De FNP Wetterskipsfraksje wol it Woudagemaal op’e Lemmer faker yn bedriuw hawwe. De FNP freget yn it Wetterskipsbestjoer wat de kosten, opbringsten en mooglikheden binne. It gemaal soe in enoarme publykslûker wêze.

De FNP Wetterskipsfraksje wol it Woudagemaal op’e Lemmer faker yn bedriuw hawwe. De FNP freget yn it Wetterskipsbestjoer wat de kosten, opbringsten en mooglikheden binne. It gemaal soe in enoarme publykslûker wêze.

“It soe in goede saak wêze dat it gemaal yn’ e simmer en yn fakânsjeperioaden ek yn bedriuw is” neffens  Lolke Folkertsma fan de FNP Wetterskipsfraksje. Yn de ôfrûne perioade fan wetteroerlêst kamen der mar leafst 15.000 minsken yn ien wike. It gemaal iepen yn de fakânsjeperioade betsjut in enoarme publykslûker mar is ek in prima oanbod  en ferbreding yn de toeristyske elkwaar foarsjennings, neffens LolkeFolkertsma, fraksjefoarsitter fan de FNP Wetterskipsfraksje.

De FNP Wetterskipfraksje wol no witte wat  de kosten en opbringsten fan de iepenstelling fan it Woudgemaal tidens de wetteroerlêst perioade 2012 west hawwe en witte hokker mooglikheden as it DB fan it Wetterskip Fryslân sjocht om it Woudagemaal faker yn bedriuw te stellen.
“Miskien it Hooglandgemaal by Starum op bepaalde mominten mar ticht hâlde en it Woudagemaal iepen” sa seit Folkertsma .

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.