FNP; Ynternasjonale fiskerij wedstryd nei regio Noardeast-Fryslan · Foto('s): RTV NOF
  RTV NOF

FNP; Ynternasjonale fiskerij wedstryd nei regio Noardeast-Fryslan

dinsdag 28 januari 2020

De FNP ôfdielingen sille de hannen yn ANNO-ferbân (gemeenten Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Dantumadiel en Noardeast-Fryslân) yninoar slaan. Sy wolle ûndersykje oft it helber is om in ynternasjonaal fiskerij evenemint (EK of WK) yn regio Noardeast te organisearjen.

It fiskjen wurdt hieltyd populêrder en de Nederlânske fiskbûn telt mear as in heal miljoen leden. Ek wurde der al in soad ynternasjonale fiskerij wedstriden organisearre en is it fiskjen boppedat in olympyske sport.

Noardeast beskikt oer ideale swiet wetter fearten mei in poerbêste fiskstân en is dêrmei tige geskikt foar soksoarte wedstriden. Dizze meardeiske eveneminten lûke in protte leafhawwers nei de streek ta. “In geweldige kâns dus om de rekreaasje en toerisme sektor yn regio Noardeast in slinger te jaan. Ommers, de minsken komme net allinnich te fiskjen mar moatte ek drinke, ite, sliepe en komme faaks nochris werom,” neffens wurdfierder Bert Koonstra.

Bert Koonstra, fraksjefoarsitter FNP Noardeast- Fryslân

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 18:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 18:00 - 19:00
    Lytse Klankjes
    Jikke Wiersma
  • 19:00 - 21:00
    Leafde foar Muzyk
    Klaske Ferwerda
  • 21:00 - 23:00
    De Smachtwacht
    Mark en Frank Spijkers
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio