Folseine riedsfraksje fan FNP-Kollumerlân c.a. set troch

wo. 16 december · 00:002009 · 00:00 · Archief RTV NOF

Op de ledegearkomste yn de de Colle hawwe de leden fan de FNP ôfdieling Kollumerlân tiisdeitejûn de list fêststeld foar de gemeenteriedsferkiezingen fan trije maart 2010…

Op de ledegearkomste yn de de Colle hawwe de leden fan de FNP ôfdieling Kollumerlân  tiisdeitejûn de list fêststeld foar de gemeenteriedsferkiezingen fan trije maart 2010. Op de earste trije plakken binne de sittende riedsleden kaam dy’t no diel útmeitsje fan de ried yn Kollumerlân. Ek de folchoarder is gelyk bleaun.


Dat betsjut dat Johannes Samplonius as listoanfierder boppe oan stiet. Op plak twa komt Wieger Rekker en op it tredde plak stiet Tineke Bosgraaf. Op plak fjouwer tsjinnet Frâns Boersma út Âldwâld him oan, dy’t al tal fan jierren foarsitter is fan FNP-ôfdieling Kollumerlân c.a. Jenny van der Slink-van der Kloet (Kollum) komt op plak fiif; sy wie earder skriuwer fan de FNP-ôfdieling en noch altiten trou lid fan de stipefraksje. Hessel Agema fan Kollumerpomp stiet op seis; hy foarmet it libbene bewiis fan it FNP-belied dat top-buorkje tagelyk opgean kin mei in grut tal en in grut ferskaat fan greidefûgels.


Al yn 1982 is de FNP yn de ried fan de gemeente Kollumerlân kaam en oant no ta is it net slagge om in wethâlder yn it kolleezje te krijen. Fraksje en leden fine dat it no wol tiid wurdt en se tinke dat se in geskikte kandidaat fûn ha yn de persoan fan Ulke van der Bij fan Kollumersweach. Van der Bij stiet as nûmer sân op de list en hat oanjûn dat it him tige nijsgirrich liket om as FNP-wethâlder de kommende fjouwer jier foar en mei de ynwenners fan Kollumerlân oan ‘e slach te gean.


Van der Bij wie en is yn Kollumersweach ûnder oaren aktyf yn it Kollumersweachster Tsjerkekontakt, as foarsitter fan de kristlike basiskoalle en oant de dei fan hjoed as foarsitter fan de ICK-ploech fan Pleatselik Belang, dy’t dwaande is mei de sintrum-ûntwikkeling fan Kollumersweach. Van der Bij wurket by de provinsje en hat dêr ûnderoaren ûnderfining opdien op it mêd fan romtlike oardening, wenjen en plattelânsprojekten. Op it stuit jout hy lieding oan de útfiering fan de fikse provinsjale ambysjes op it mêd fan Toerisme en Rekreaasje.


Wethâlder wurde yn dizze prachtige gemeente sprekt my tige oan. Dizze rûzige tiid fan resesje en krimp freget  in nije en stevige koers fan it kolleezje. Dy útdaging gean ik graach oan’’, liet Van der Bij de ledegearkomste witte.
‘De FNP is der sa njonkelytsen wolris oan ta om mei te bestjoeren, en noch wichtiger, as FNP binne we dêr mei sa’n kandidatelist klear foar’ wie de konklúzje op de FNP-gearkomste. As ekstra motifaazje koe noch meidielt wurde dat de ôfrûne wiken tsien nije leden harren oanmeld ha.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.

juditoto

situs toto

juditoto

juditoto

juditoto

togel sgp

juditogel

juditoto

extrawd

toto slot

togel online

mpo slot

https://www.tsicareers.com/

https://launchandgoworkspace.com/

https://www.amigosdearagon.com/

https://www.leverpartner.com/

https://www.naterdallafior.ch/

https://www.publicradio.com/

https://sesiondoble.com/

https://m.jezebel.com/

https://resources.globalchallengesproject.org/

apk slot