Frouljusferiening fan de Trieme bestiet 70 jier

do. 8 maart · 10:242018 · 10:24 · Archief RTV NOF

De frouljusferiening “Bidt en Werkt” fan de Trieme hat 70 jier bestien. Dit jubileum waard fierd yn Bûtenpost, wer’t de dames mei inoar út iten wiene en in gesellige jûn hiene.

Jantsje Wiersma

De frouljusferiening “Bidt en Werkt” fan de Trieme hat 70 jier bestien. Dit jubileum waard fierd yn Bûtenpost, wer’t de dames mei inoar út iten wiene en in gesellige jûn hiene.

De groep hat 12 leden, yn leeftyd hiel ferskillend, ôfkomstig út de Trieme en ek in oantal leden komme út Westergeast. De groep is tsjerklik belutsen by de Herfoarmde, de Grifformearde en de Kristlik Grifformearde tsjerke. Sûnt in oantal jier hite sy “de Protestantse Vrouwengroep”.

Oprjochting
In grut oandiel yn de oprjochting hie destiids frou T. Kloosterman-Visser. Yn it earst oan waard der iverich breide en haakt foar de jierlikse bazar. De opbringst wie foar de tsjerke, de muzykferiening en de skoalle.
Letter makke it hantwurkjen foar in goed doel plak foar oare aktiviteiten. Se hawwe no in boekje of de Eva. Dêr ha se meastal fragen by en dy beprate se mei elkoar. Nei it skoft hawwe se meastal in kwis of in rebus. Ek is er nog de baarch foar in frijwillige bydrage, dit hat elk jier in nij doel. De jûnen binne hiel learsum en gesellig, sy sjogge net op in kertierke.

Op de foto:
V.l.n.r.: Anjo Verbeek, Sietske Veenstra, Minke Adema, Anneke Zijlstra, Janke Merkus, Hinke Prins, Iet Koster, Bettie van der Veen, Dineke Visser, Eeuw Fennema, Haike Poelstra, Rinny Mulder.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.

Jantsje Wiersma