Fryske boeke sutelaksje foar Crescendo Holwert

Zondag 29-09-2019
Waar:
Holwerd
Wanneer:
Vrijdag 11-10-2019
Muzykferiening Crescendo fan Holwert is fan doel om op freed 11 oktober fan 17.30 oere ôf, by de doarren lâns te gean mei de moaiste en nijste Fryske boeken, de boeken binne sawol foar bern as foar folwoeksenen. Fansels sutelje wy ek de bûtenrûte (op freedtemiddei 11 oktober).

Ferdinand de Jong, Frysk skriuwer en bekind as kollumskriuwer foar Omrop Fryslân koördinearret dizze sutelaksje fan de Fryske boeken. Sy hoopje dat de Holwerter bewenners safolle mooglik thús binne en dat se omraak boeken keapje sille. It past alhiel dizze datum, want it is ek noch berneboekewike. Der sit ek fêst wat moais foar de kommende desimber feestdagen by! A

s der minsken fan de omlizzende doarpen fan Holwert binne, dy’t ek graach wat fan de sutelaksje ha wolle, dan kinne jo freedtejûns, op de betide jûn, wol efkes troch Holwert strune en komme jo fêst minsken mei kroadfollen boeken foarby.

terug naar overzicht


Vandaag op de radio

00:00-18:00 | RTV NOF Nonstop
18:00-19:00 | Goed gestemd
19:00-21:00 | Leafde foar muzyk
21:00-23:00 | De Smachtwacht
23:00-00:00 | RTV NOF Nonstop
Klik hier voor programma- informatie