Fryske Donald Duck krijt werprinting

wo. 18 april · 00:002012 · 00:00 · Archief RTV NOF

Nei trije ferkeapdagen is de Fryske Donald Duck sa’n grut sukses dat er ta is oan in werprinting. De Fryske Donald Duck dy’t ôfrûne freedtemiddei yn de ferkeap gie, wie op tal fan plakken…

Nei trije ferkeapdagen is de Fryske Donald Duck sa’n grut sukses dat er ta is oan in werprinting. De Fryske Donald Duck dy’t ôfrûne freedtemiddei yn de ferkeap gie, wie op tal fan plakken noch gjin dei letter al útferkocht.
 
‘Sneontemoarn betiid hienen wy de earste bestellings fan boekhannels al wer binnen’, seit Koen Eekma, direkteur fan de Afûk. ‘De Donald Duck is noch altyd te keap, mar sjoen de tanimmende fraach hawwe wy besluten om 10.000 eksimplaren byprintsje te litten.’
 
De oplage fan de Fryske Donald Duck komt dêrmei op 40.000 stiks. De werprinting fan de Fryske Donald Duck sil fan freed 27 april ôf beskikber wêze.
 
De Fryske Donald Duck is ta stân kommen troch gearwurking fan Sanoma Media BV en Afûk mei stipe fan Fryslân Marketing/Fan Fryslân en de Provinsje Fryslân.

© Eigen foto

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.