Fryske Foarlêswike: Foarlêze yn it Frysk oan pjutten · Foto('s): 

Fryske Foarlêswike: Foarlêze yn it Frysk oan pjutten

vrijdag 20 mei 2016

Foarlêzers op ’en paad mei 18.000 Tomke-boekjes yn de Fryske Foarlêswike! Goed 600 foarlêzers sille fan 6 o/m 10 juny rûnom yn ’e provinsje foarlêze oan goed 12.000 pjutten. It tema is dit jier ‘Dat hast goed dien,Tomke!’. De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep.

Fryske Foarlêswike
Oeral yn Fryslân wurdt yn de Foarlêswike foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike, sa as yn:

  • Dongeradiel: Boargemaster mefrou Waanders tegearre mei Berneboargemaster Chloë Monsma op pjutteboartersplak Madelief yn Dokkum op freed 10 juny tusken 9.00-11.00 oere.
  • Tytsjerksteradiel: Wethâlder mefrou Rypstra tongersdei 9 juny om 10.00 oere op berne-opfang Nei ’t Sin yn Gytsjerk.
  • Tytsjerksteradiel: Theo Smedes, akteur Tryater, tongersdei 9 juny om 10.00 oere op de Bistebus yn Burgum.
  • Dantumadiel: Boargemaster Heldoorn op bernesintrum Blokkedoaze yn Damwâld.

 

De Stellingwerven en it Bilt lêze foar út it Tomke boekje yn harren eigen taal 
Skiermûntseach: En fansels wurdt der ek wer foarlêzen op Skiermûntseach yn it Eilanders

De organisaasje fan it projekt wurdt droegen troch frijwilligers en kriget mei dêrtroch strukturele subsydzje fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 18:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 18:00 - 19:00
    Lytse Klankjes
    Jikke Wiersma
  • 19:00 - 21:00
    Leafde foar Muzyk
    Klaske Ferwerda
  • 21:00 - 23:00
    De Smachtwacht
    Mark en Frank Spijkers
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio