Fryske mbû’s sette skouders ûnder it Frysk · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

Fryske mbû’s sette skouders ûnder it Frysk

vrijdag 17 december 2021

LJOUWERT – De Fryske mbû-ynstellingen Aeres, ROC Friesland College en ROC Friese Poort sette yn ’e mande mei de Afûk en provinsje Fryslân de skouders ûnder it Frysk. Alle partijen sille sa mei-inoar it plak fan it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis fersterkje. De partijen hawwe de ambysjes en de dêrby hearrende doelen en wurksumheden fêstlein as ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. Om dy ôfspraken te bekrêftigjen, setten fertsjintwurdigers fan de ferskillende yn-stellingen fan ’e moarn harrenhantekening ûnder it konvenant ‘Mei-inoar sette  wy de skouders ûnder it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis’.

Deputearre Sietske Poepjes is ynnommen mei de plannen: ‘It middelber beropsûnderwiis is in wichtige ûnderwiissektor yn Fryslân. Sawat 70% fan alle ynwenners yn Fryslân mei in (berops)diploma hat in mbû-eftergrûn. It grutste part fan de mbû-studinten yn Fryslân sil wenjen en wurkjen bliuwe yn de regio. Krekt dêrom is it wichtich om binnen harren beropsoplieding goed omtinken te hawwen foar de meartalige sitewaasje yn Fryslân, mei dêrby in grutte rol foar de Fryske taal.’

Frysk yn it bedriuwslibben
It belang fan it Frysk docht ek bliken út resint ûndersyk fan E&E advies (2020) nei de posysje fan it Frysk yn it bedriuwslibben. Wurkjouwers jouwe oan dat by 54% fan de bedriuwen meiwurkers faak oant hiel faak yn kontakt komme mei it Frysk yn relaasje ta de klanten. Sa’n 76% fan de bedriuwen jout ek oan dat sy it ferstean fan it Frysk troch harren wurknimmers wichtich fine. Dêrmei hat it Frysk yn it ekonomysk ferkear in wichtige posysje.

Studinten sille yn harren mbû-oplieding op ferskillende wizen yn ’e kunde komme mei it Frysk. Sa wurkje de studinten oan taalbewustwêzen en taalhâlding oan ’e iene kant en oan taalfeardichheden Frysk oan ’e oare kant. De eigen beropspraktyk fan de yndividuele studint stiet dêrby sintraal.

Foto f.l.n.r.: deputearre Sietske Poepjes (provinsje Fryslân), direkteur Lineke Kleefstra-Jansen (ROC Friese Poort), direkteur Zahra Mousazadeh (ROC Friesland College), direkteur Truda Kruijer (Aeres) en direkteur Alex de Jager (Afûk).

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio