Hanna van Duin wint finale Fryske diktee Roobol skoallen · Foto('s): Sander Stienstra
  Sander Stienstra

Hanna van Duin wint finale Fryske diktee Roobol skoallen

donderdag 21 april 2022

BÛTENPOST – Op in fleurige woansdeimiddei waard de finale fan it Frysk diktee holden foar de Roobol skoallen. Fan alle skoallen mochten de twa bêste kandidaten mei dwaan. By MeM yn Bûtenpost stie Aant Jelle Soepboer klear om it diktee foar te lêzen, dêrby waard der  gebrûk makke fan it boek Silke en Miss Dee fan Baukje Wytsma. 

De âlders en begelieders koene efkes genietsje fan de sinne, in kopke kofje of tee en in kuier meitsje op it nije Wâldpykpaad. De bern diene ferskuorrend harren bêst en nei ôfrin koene ek sy in kuier meitsje op it krekt iepene Wâldpykpaad.

De sjuery bûgde harren oer it neisjen fan de diktees en nei ôfrin krigen de folgjende winners in beker: 1: Hanna van Duin fan de Mienskip út Bûtenpost; 2: Bearnd Bos fan de Dr. Theun de Vriesskoalle út Feanwâlden; 3: Jouke Jagersma fan it ibs ‘t Pompeblêd út De Westereen.

Alle bern krigen it boek kado én de skoallen krigen in pakket Fryske boeken. Ek waarden de sertifikaten útrikt oan de Roobol learkrêften dy’t meidien hiene oan de kursus KlasseFrysk. De organisaasje sjocht werom op in feestlike middei.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.
Hanna van Duin wint finale Fryske diktee Roobol skoallen · Foto('s): Sander Stienstra
Hanna van Duin wint finale Fryske diktee Roobol skoallen · Foto('s): Sander Stienstra
Hanna van Duin wint finale Fryske diktee Roobol skoallen · Foto('s): Sander Stienstra
Hanna van Duin wint finale Fryske diktee Roobol skoallen · Foto('s): Sander Stienstra
  Sander Stienstra

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio