Hymp Hamp Teater yn Kollumersweach
Sneontejûn 29 febrewaris wie de nije seal fan de Trije Doarpen yn Kollumersweach moai beset.
It bestjoer fan de Trije Doarpen koe ûngefear 80 minsken wolkom hite foar it optreden fan Hymp Hamp teater mei it stik ‘Op Portret’
Sneontejûn 29 febrewaris wie de nije seal fan de Trije Doarpen yn Kollumersweach moai beset. It bestjoer fan de Trije Doarpen koe ûngefear 80 minsken wolkom hite foar it optreden fan Hymp Hamp teater mei it stik ‘Op Portret’
Yn ‘Op Portret’ lieten Jelmar Hoekstra en Fokke Plantinga nuveraardige personaazjes de revue passearje en spilen koarte stikken út it deistich libben. Tegearre mei twa betûfte muzikanten Paul Siemensma en Geert Nauta brochten se in programma mei moaie lietsjes en prachtige scenes.
Ut in oare wize fan sjen nei minsken en sykje nei de útfergrutting komme dizze personaazjes ta libben en kin elts dy’t se sjocht foaral in oar der yn werkenne.
Sa wienen de spilers Rudy en Tiny ûnderweis mei de caravan nei Frankryk. De ANWB spile der in belangryke rol yn, mar dochs gie it kaartlêzen net hielendal goed. Doe’t se mienden op de camping te wezen, bleek, dat se wer werom yn Kollumerswaech wiene.
De scene, dat se âld wiene en op it bankje sieten om in kopke thé te drinken wie ek prachtig. De mûle waard ôffage mei in doekje, dat foar fan alles brûkt waard. Ek de muzikant krige in feech om de mûle mei dat doekje.
Sa wienen der nog folle mear skitterende scenes. De minsken fan Kollumersweach en omjowing koenen dizze jûn de “lachspieren” foargoed even brûke.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.